Teuling is bang fan It Nijs (update)
Resint ferskynd
Herman Teuling fan de Lemmer ferstoppet him. De man dy’t bekend waard troch syn anty-Fryske útspraken wol net mear fûn wurde op ‘e sosjale media. It skynt dat de berjochtjouwing fan It Nijs yn dat beslút in rol spile hat, as wy de berjochten goed ynterpretearje.
Teuling hat hiel wat losmakke mei syn opinystik yn De Telegraaf fan 12 juny, dêr’t er yn tekeargie tsjin it Frysk. “Ik woon in Nederland en daar behoort iedereen Nederlands te spreken”, skreau Teuling. Hy fertelde dat er syn bern út de Fryske lessen op skoalle weihold.
It Nijs naam it berjocht oer en die wat ûndersyk nei wa’t Teuling no eins is. Beide berjochten binne hjirûnder te finen:
link 1
link 2
It Nijs wie net it iennichste medium dat omtinken joech oan Teuling syn stik. It stik fan de Telegraaf is mear as 9000 kear dield op Facebook en hat allinne op it webstee fan De Telegraaf al hûnderten reaksjes oproppen. It twadde stik dat It Nijs oer Teuling skreau stiet ûnderwilens op plak 6 yn de top-10 fan meast lêzen artikels dy’t ea op it webstee ferskynd binne. Dat binne wylst mear as tolvetûzen.
Teuling is dêr net lokkich mei, sa liket it. Nei in pear fûle diskusjes op ‘e sosjale media hat er him nei it ferskinen fan ús twadde stik ynienen hiel stil hâlden. Hy hie wilens wol allegear Frysksinnige folgers krigen, wêrûnder de redaksje fan It Nijs, it ‘Praat mar Frysk’-tiim fan de Afûk en ferskate FNP’ers. Fan ‘e moarn frege er oft ien ek wist hoe’t er foarkomme koe dat bepaalde minsken him op Twitter folgen. In pear oeren letter hat er syn Twitterakkount wizige fan @HermanTeuling yn @GandhiPeaceBros. Syn pasfoto is dêrby ferfongen troch in plaatsje fan in stik bosk. Noch in pear oeren letter wie dat Twitterakkount ek fuort en makke Teuling op syn iepenbier Facebookakkount bekend dat er “verholen bedreigen” krije soe. It Nijs soe dêr in rol yn spylje. Us lêzers moatte sels mar beoardielje oft der wat driigjends yn ús artikels sit, mar wy kinne elkenien gerêststelle: wy hawwe neat oars as diskusje yn ‘t sin en wy hawwe allinne mar ynformaasje trochjûn dy’t Teuling sels op iepenbiere sosjalemedia-akkounts setten hat.
Hjirûnder binne it wizige Twitter-akkount en de Facebooktekst te sjen. Lykas by it foarige berjocht jildt: mocht Teuling der beswier tsjin hawwe dat wy de tekst brûke, dan is in mailtsje genôch om dy wer fuort te heljen.






Hahaha!
Van wat ik hier kan ontleden is dit een zeeeer persoonlijke aanval. Wat deze mijnheer Teuling geschreven heeft was vrijheid van meningsuiting. Jullie vallen echt persoonlijk aan. Heel apart voor volwassenen.
Hear Teuling begrypt sels mei dat lêste berjocht blykber net dat der in hiele groppe, in hiel folk sels, misledigt.
Fansels mei jimmen sizze wat der wol en hat der “vrijheid van meningsuiting”, mar asto dat rjocht brûkest moast ferwachtsje dat dat baltsje wêrom keatse wurde kin.
Dat persoanlike moast dan ek meinimme yn de beskôging. De man wurket/hat wurke foar in anti-pest programma byfoarbield. Dat kinst net mear serieus nimme ast sjochst nei wat der oer in folk, oer in taal en in kultuer seit.
En dan noch wat… ast sosjale media brûkest, en do settest de privacy ynstellingen op iepenber, dan kin elkenien die sjen en brûke. Foar wat It Nijs dien hat kinst net nei de plysje. As jimmen him bedrige hat dan is dat in kweade saak fansels. Fansels as der dêrmei nei de plysje sil kin der ferwachtsje dat jimmen foar diskriminaasje nei de plysje sil.
Lit dy man de mûle mar hâlde en dan driuwt it wol oer, mar ik tink net dat menear dat kin…
Wie de bal kaatst kan hem terugverwachten. Waarom wou meneer teuking zijn privemening openbaar maken en dan een heel volk op de tenen trappen? Waarom mag dit volk niet gebruik maken van meningsuiting?
Deze meneer teuling kiest elke keer voor de slachtofferrol ipv voor leidersschap. Alles wat hij ziet en ondervindt komt vooral niet door hem maar door anderen. Ik adviseer meneer teuling eerst zeer goed zichzelf te gaan doorgronden ipv te kiezen voor de, overigens zeer comfortabele, slachtofferrol.
Stiet der yn det net in artikel oer ‘Haat Zaaien’?
Teuling praat fan rasisme, wylst er him sels oan alle einen en kanten skuldich makket oan rasisme, útsluting, generalisaasje en wit ik wat. Yn syn praat wat in Wilders-adept leau ik. Spitich. It hurdst ha ik oars wol lake om syn opmerking dat it Frysk nearne ferstien wurdt. Gelokkich brekt er sels yn it Nederlânsk in hiel protte ynternasjonale potten.
Dy bedrigings, och, wa wit bedoelt er my wol mei myn reaksje dat Grutte Pier hjir wol mei rêden hie. De man moat him net oanstelle, Wie wind zaait zal storm oogsten, dochs? Mar affijn, ek hjiryn wer it Wildersprinsip: in hiele grutte mûle opsette, tige ûnnuansearre minsken yn in hoeke drukke op grûn fan harren taal en ôfkomst en as der dan reaksje op komt, dan begjinne te skriemen. Mar gjin tiid mear oan fergrieme, hy hat syn finest hour hant en moat him no mar wer dwaande hâlde mei syn húshâllding.
Menear Teuling wol syn miening oplizze oan oaren. Hy hat niks mei Fryslân en de Friezen. Hy stiet boppe ús en wy moatte ús mar as ûnnoazelen oanpasse. Dat kin gewoan net. In man mei in anty-pest programma hellet út nei in befolkingsgroep dy’t allinnich mar himsels is en him allegeduerigen oanpast. Dy kombinaasje fan anty-pesten en diskriminearjen, want dat docht hy feitlik, is healwiis. As hy syn bern gewoan wer nei Fryske les stjoert, dus sjen lit dat er it Frysk yn syn hert slút, pas dan sil hy in ‘gebaar’ meitsje.
earste mail fleach fuort, tocht dat er net oerkaam wie. Ien kear pleatse is genôch.
j. de V.
Het is dezelfde meneer Teuling die de Friezen in 2014 wilde verplichten om Nederlands te spreken die zich nu verkiesbaar heeft gesteld voor de gemeenteraad voor FvD in Lemmer en dus de stemmen van de door hem verguisde Friezen bitterhard nodig heeft om zijn wil nog meer op te leggen aan een ieder die anders denkt dan hij. Beste mensen: bezint eer ge begint!