Stipe oan Baskyske skoalle ferbean

maaie 14, 2014 12:08

BRUSSEL – It Frânske Europarlemintslid José Bové is lilk en dat lit er ek blike. Reden foar syn lilkens is in brief fan it Frânske departemint Pyrénées Atlantiques oan de boargemasters fan gemeenten yn dat departemint. Yn it brief wurdt de boargemasters dúdlik makke dat it tsjin de wet is om priveeskoallen mei gemeentejild te stypjen.

Yn Pyrénées Altantiques leit it Frânske diel fan Baskelân. De Baskysktalige skoallen dêr binne allegearre priveeskoallen. Sûnder stipe fan de oerheid soene se net bestean kinne. José Bové is lid fan de Frânske griene partij EELV, dy’t yn it Europeesk Parlemint mei ferskate regionale partijen de fraksje Grienen/Europeeske Frije Alliânsje foarmet. Hy beskôget it brief as in direkte bedriging foar de takomst fan it Baskysk.

Dêrom ropt Bové de boargemasters yn Frânsk Baskelân op om it brief te negearjen en troch te gean mei it stypjen fan de Baskyske skoallen. Hy wiist derop dat Frankryk ferplichte is om syn minderheidstalen te beskermjen en dat it lân dy ferplichting net goed neikomt. “Europeesk rjocht giet foar Frânsk rjocht”, sa seit Bové.

Foto: WIkipedia / Claude Truong-Ngoc (CC)

 

maaie 14, 2014 12:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.