‘Skilje’ winner fan Fear 2014
Resint ferskynd
- Unicef warskôget: miljoenen bern yn gefaar troch wetterdrigingen 0
- Frysk Museum keapet ‘Rebelse Lusthof’ fan Mercedes Azpilicueta 0
- Fryske húseigner kin noch foardieliger ferduorsumje 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
LJOUWERT – Skilje, in tsjinst fan VrieService BV út Drachten, wint dit jier de ‘Fear yn de broek’ foar it omgean mei it Frysk. It inisjatyf fan it bedriuw, dat warber is mei ferskate telefoantsjinsten, stimulearret it Frysk yn de deistige kommunikaasje op sa’n wize, dat de drompel foar minsken om Frysk te brûken folslein fuortnommen wurdt. Mei ‘Praat mar Frysk’-advertinsjes, in Frysktalige namme fan de telefoantsjinst en meartalich personiel dat foar in grut part Frysktalich is wurdt klanten dúdlik makke dat se gewoan har eigen taal brûke kinne. De service is fierder tige klantfreonlik en smyt heechweardige wurkgelegenheid yn Fryslân op.
It brûke kinnen fan beide talen wurdt sa aktyf nei bûten ta útdroegen en dat docht fertuten. Yn de praktyk wurdt in soad Frysk praat, sawol troch personiel as troch klanten. De drompel foar it brûken fan it Frysk leit tige leech en dat is goed te merken. De Ried fan de Fryske Beweging wol de sichtberens fan it Frysk yn it deistich libben befoarderje. Dêr is dizze tsjinst in goed foarbyld fan. Alles mei alles reden genôch om ‘Skilje’ fan VrieService BV yn it sintsje te setten.
Op 27 maaie moarns om 11.00 sil de priis útrikt wurde, yn it gebou fan VrieService BV sels. Fear yn ‘e Broek is in priis dy’t ynsteld is troch de Ried fan de Fryske Beweging. De Fear wurdt útrikt oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset. Earder waard de Fear ûnder oare útrikt oan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, oan Arno Brok, oan Aaipop en ferline jier oan de Ortodontsypraktyk yn Ljouwert.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje