Nij Frysktalich stripboek fan Skelte Braaksma

maaie 28, 2014 22:22

MARRUM – De Fryske Kommunistyske Partij wol wat dwaan oan de minne ekonomyske omstannichheden. Dêrom moat it grutte midsieuske Fryslân fan kening Redbad op ‘e nij fêstige wurde. De Friezen tusken Fly en Wezer kinne inoar dan yn alle ienriedigens stypje. Om dat foarinoar te krijen is in Frysk-nasjonale kommunistyske revolúsje nedich.

Dat is koartsein it ûnderwerp fan it stripboek De FKP2-revolúsje fan Skelte Braaksma, dat ferline wike by de Afûk yn Ljouwert útkommen is. It Frysktalige tekenteltsje kombinearret hiel moai Fryske histoarje mei fynynleine koartswyl.

De tekender is noch mar 18 jier âld. Hy studearret Art en Design yn Drachten en makket al jierrenlang tekenteltsjes. It boek is te keap by de Afûk yn Ljouwert, by de boekeboat yn Hallum, by supermerk Coop yn Marrum en by Pijnacker yn Ferwert. Online bestelle is ek mooglik fia de webwinkel fan de Afûk.

Klik hjir foar mear ynformaasje.

maaie 28, 2014 22:22
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Fere Supe maaie 29, 09:50

    Miskien kin de redaksje fan it Nijs him frege in stripkartoon te meitsjen foar
    de ynternet krante.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.