Lilkens om Baskyske waarkaart
Resint ferskynd
It regear fan de Spaanske dielsteat Navarra is sa lilk op de Baskysktalige omrop EiTB dat it dy omrop “ûnwettich” neamt.
De omrop, dy’t útstjoert foar it hiele Baskysktalige gebiet, tekenet nammentlik op ‘e waarkaart gjin lânsgrinzen yn. Ynstee is it Baskysktalige gebiet te sjen, dat de Spaanske en Frânske dielen fan Baskelân, mar ek de regio Navarra sjen lit. Dêr wenje ek in soad Baskykstaligen.
Neffens it pro-Spaanske regear fan Navarra soe de waarkaart, dy’t hjirnêst te sjen is, “de politike situaasje fan Navarra ferkeard werjaan”.
Navarra en Fransk-Baskenlân binne wol te sjen op’e waarkaart, maar Euskadi (de Spaanske autonome regio) is dochs in oare kleur grien en de grinzen binne fan Navarra binne ek oanjoen. M.o.w., it giet werris oet neat.
ietwat foar de omrop, mar ja dat sil myn dwersens wol wer wêze.