Jaarsma Jier komt op gleed

maaie 15, 2014 22:30

Gedicht JaarsmaDe Nijsredaksje ûntfong okkerdeis dit ynliste gedicht fan de Stichting 100 jier Dam Jaarsma, om’t It Nijs har hûnderste folger op Twitter wurden wie. 

Der komme hieltyd mear aktiviteiten yn it ramt fan it Dam Jaarsma Jier. Sneon sette doarsprûnliedingen út ein en ankom wike is der in boekpresintaasje en in literêre bustocht. Op de webside docht de Stichting te witten:

“Hoe krige Dam Jaarsma safolle minsken oan ‘e praat? Hoe krige er it foar inoar safolle saken te sammeljen? En wat binne foarbylden fan soksoarte ferhaaltsjes? Wat dreau de beste man? Dit en noch folle mear oer dizze bysûndere doarpsgenoat is te fernimmen tidens de Dam Tour, organisearre troch Stifting 100 jier Dam Jaarsma. De Dam Tour is in kuiertocht mei in gids en duorret ûngefear oardel oere. Saterdeitemiddei 17 maaie is de earste kear.”

En: “Op  23 maaie 2014 organisearret ‘Tresoar’ in bustocht. De tocht duorret de hiele dei en is ynklusyf middeisiten. Marianne van Zuijlen (Meertens Instituut) en ferhaleferteller Douwe Kootstra wurkje mei oan dizze bysûndere dei. Der wurdt bygelyks ek ho-hâlden by de pleats fan Auke de Jong yn Eastermar, dy ’t wat sjen litte sil fan de gebrûksfoarwerpen en de folkskeunst út ‘e samling fan syn omke Dam. De tocht giet middeis ek nei Theater Meerzigt in Eastermar, dêr’t de dielnimmers de presintaasje bywenje fan de ferhalebondel ‘Mearkes út ‘e Wâlden’ fan Dam Jaarsma. De presintaasje begjint om 15.30 oere en elk dy ’t it boek besteld hat, kin it hjir meikrije. Nei ôfrin rydt de bus werom nei Ljouwert. Op 23 maaie om 9.30 oere start dizze literêre bustocht by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde is noch mooglik! Opjefte kin fia de e-mail  of telefoanysk by Petra Bierma of Marja de Graaf op de nûmers 058 -789 0 740 resp. 058 – 789 0 792.”

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan de stifting en op:

Facebook: www.facebook.com/damjaarsma

Twitter: @100jrDamJaarsma

 

 

maaie 15, 2014 22:30
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Lútsen maaie 15, 11:59

    Ik woe da’k sa dichtsje koe.

  2. Martsje maaie 15, 17:48

    Dizze man hat oandacht fertsjinne!
    Safolle folksferhalen ‘by de minsken weihelle’ yn ‘e Fryske Wâlden.
    Safolle oare saken sammele en gedichten skreaun!
    Yn Eastermar en fier dêr bûten fiert men mear as terjocht Dam Jaarsma
    syn 100ste bertejier!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*