Foargonger fan ferhaal Adam en Eva fûn

maaie 16, 2014 17:44

GRINS – Yn Syrië wie yn de 13e ieu foar Kristus al in ferhaal bekend dat sterk liket op de ferdriuwing fan Adam en Eva út it Paradys. Dêr is no skriftlik bewiis foar. Op klaaitabletten út dy tiid stiet it ferhaal beskreaun yn it Ugaritysk, in taal dy’t besibbe is oan it Hebrieusk.

Dat hawwe de ûndersikers Marjo Korpel fan de Universiteit Utert en Johannes de Moor fan de Protestantske Teologyske Universiteit yn Grins ûntdutsen. De klaaitabletten wiene al langer bekend. Se binne fûn yn 1929 en waarden ûntsifere yn de jierren 70, lykwols sûnder dat wittenskippers de oerienkomsten mei it ferhaal fan Adam en Eva yn ‘e rekken hiene.

n beide ferhalen skept in god de wrâld. Yn de ferzje fan de klaaitabletten hjit dy fan El, in namme dy’t ek wol foar de joadske god brûkt wurdt. In boaze god Horon konkurrearret yn it Syryske ferhaal mei El. Hy feroaret himsels yn in slange en fergiftiget de libbensbeam, dy’t midden yn de goadetún stiet. Ien fan ‘e goaden, in Adam, kriget de opdracht om Horon te deadzjen. Dat slagget lykwols net, mei’t Horon Adam yn syn slangestal byt. Adam stjert net fuortendaliks, mar rekket wol syn godlike ûnstjerlikens kwyt. Fan de sinnegoadinne kriget er lykwols in frou kado, mei wa’t er nije Adamkes meitsje kin.

Hoewol’t it Syryske ferhaal net folslein oerienkomt mei it ferhaal út de joadsk-kristlike tradysje, binne de oerienkomsten neffens Korpel en De Moor te grut om tafal te wêzen. Hja geane der dan ek fan út dat it kristlike ferhaal ûntstien is út it Syryske ferhaal. Bibelûndersikers fermoedzje al folle langer dat it ferhaal fan Adam en Eva ûntstien is út âldere ferhalen.

De ûndersikers hawwe harren teory beskreaun yn it boek Adam, Eve, and the Devil: A New Beginning. Dat wurdt hjoed yn Kampen presintearre. Klik hjir foar in beskriuwing.

maaie 16, 2014 17:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.