Lesbysk pear kin bern erkenne

april 2, 2014 23:51

LJOUWERT – Op it stedskantoar fan Ljouwert hawwe duo-memmen Hetty Lousma en Wendy Trip woansdei har soan Kees Jasper Trip offisjeel erkenne litten. Foar safier’t bekend is, wiene sy de earsten yn de gemeente Ljouwert.

Sûnt 1 april is it mooglik om as lesbysk stel allebei juridysk âlder fan it bern te wurden. Earder koe dat allinnich mei djoere prosedueres regele wurde.

Tekst en foto: Omrop Fryslân

april 2, 2014 23:51
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin 2.0 april 3, 08:08

    Tink yn de hiele diskusje ek in kear oan it bern dat ek noch rjochten hat. It rjocht op in heit en mem bygelyks. Begryp my abslút net ferkeard. Ik fyn ek dat homo’s/lesbo’s wol trouwe meie en lokkich wêze meie. Allinnich by it adoptearjen fan bern troch homo’s/lesbo’s hear ik suver noait wat oer de rjochten fan in bern.

    Dizze diskusje wurdt wol faker fierd. Ik hear dan faak it argumint dat in lesbysk stel bern better grutbringe kin as in alkoholistysk heteropear. Sorry hear, mar as der al sa’n ferliking nedich is… En der wurdt ek samar ymplisearre dat heteropearen fouten meitsje en homo’s/lesbo’s per definysje perfekt binne. It is dus in non-argumint. Ien ding is dúdlik; it lytse bern hat der net foar keazen en kin him/har noch net uterje… Dêrom is it fan grut belang dat oare folwoeksenen dat wol dogge sûnder altyd mar nei roppende en razende aktivisten te lústerjen.

  2. Rob april 3, 08:37

    “En der wurdt ek samar ymplisearre dat heteropearen fouten meitsje en homo’s/lesbo’s per definysje perfekt binne.” Wêr wurdt dat dan ymplisearre? Nuvere útspraak. En dat in bern rjocht hat op in heit en mem is dyn vyzje. Neffens my hat in bern it rjocht om op te woeksen yn in leafdefolle ûntjouwing. Dan makket it net út oft dat mei ien oft twa âlden is en ek net hokker geslacht dy hawwe. Ik haw sawol ûnderfining mei bern dy’t by twa froulju en dy’t by twa manlju binne opwoeksen. Hja binne normale minsken en it slimste dat harren oandien is is dat hja wolris pest waarden op skoalle en dat wie like fluch wer oer. Mar soks bart mei elkenien wolris.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.