Kornen no erkend as folk

april 24, 2014 00:01

It Feriene Keninkryk hat der in nasjonale minderheid by. Dat meldt de Britske krante The Independent. Neffens de krante krije de Kornen de beskerme ‘folks’-status. De Friezen hawwe dy status ek.

De Kornen libje yn it greefskip Cornwall, yn it súdeasten fan Ingelân, tsjin Bretagne oan. Hja praten ea de taal Kornysk, dy’t liket op it Bretonsk en it Welsk. Harren taal is lykwols begjin 19e ieu útstoarn. No wurdt er wer praat troch in pear hûndert minsken, dy’t him út âlde teksten leard hawwe. In pear Kornen binne tige aktyf yn ynternasjonale fermiddens fan minderheden. Hoewol’t de Kornen hjoed de dei Ingelsk prate, beskôgje in soad fan harren Cornwall net as in part fan Ingelân en moatte se net folle hawwe fan it dominante Ingelân.

De erkenning as nasjonale minderheid jout de Kornen deselde rjochten as de Friezen. De oerheid fan it Feriene Keninkryk moat soargje foar beskerming fan dy rjochten. Dy ferplichting is fêstlein yn it saneamde Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Dat dokumint, opsteld troch de Rie fan Europa, is troch de measte Europeeske lannen ûnderskreaun.

Saken dêr’t de oerheid no foar soargje moat, binne ûnder oaren it behâld fan de Kornyske taal en kultuer, beskerming tsjin diskriminaasje fan Kornyskpraters en dat Cornwall net opgiet yn in gruttere politike ienheid, dêr’t de Kornen ynienen in minderheid binne.

Ofbyldings: Wikipedia

april 24, 2014 00:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Goaitsen Andringa april 24, 11:50

    Fantastysk nijs. Jierren en jierren lyn ha ik by Kornyske strider Pol Hodge útfanhûze, ik soe sizze, stjoer him allegear in lokwinsk fia @PolHodge !

    “Negen minuten voor acht.
    Bij Pol’s huis, dat Fentenwynn heet en geen nummer heeft, draaft Bert, onder de verbijsterde ogen van Pol’s vrouw aan het venster, van de auto naar de voordeur om even later – zo snel dat hij met het blote oog amper waar te nemen is – met een koffer vol teksten en boekjes terug naar de auto te schieten. De koffer mag van Bert bij mij op schoot. Rood aangelopen racen we het dorp uit. Don’t be a stranger, staat op het uitzwaaibord langs de weg. Op de andere kant staat Mind your speed.”

    (Ut: Polperro, troch A.Hut, 2001)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.