Fryske Akademy fynt Aldfryske tekst werom

april 7, 2014 15:00

LJOUWERT – Undersiker Han Nijdam fan de Fryske Akademy yn Ljouwert hat in nij stik Aldfrysk fûn. It giet om in fragmint út de ferlerne Codex Unia út 1485. Nijdam fûn de tekst werom yn in boek fan de 16e-ieuske skiednisskriuwer Simon Abbes Gabbema. Gabbema hie de fragminten Aldfrysk yn de kantline skreaun fan in boek. It weromfûne fragmint giet oer de keningen Karel en Redbad.

De Codex Unia is sa wichtich, omdat it in byld jout fan it Frysk sa’t dat praat waard yn de tolfde ieu. De oare âldste Fryske teksten stamme pas fan ein fyftjinde ieu.

It nije weromfûne fragmint is te ek beharkjen op de app Vogala. Nijdam hat de fragminten sels ynsprutsen.

Tekst: Omrop Fryslân

april 7, 2014 15:00
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Lútsen april 7, 12:31

    Ik haw it besocht, mar it net fûn. (???)

  2. wirbel april 7, 18:06

    Kin net ien dit efkes op Youtube sette?

  3. Piter april 8, 00:48

    Dit is de webside: http://www.vogala.org/

  4. Lútsen april 8, 12:30

    Ik haw it fûn, JOFT! Wat in prachtige site, en wat lit Han Nijdam it Aldfrysk swietlûdich hearre. Tank Piter.

  5. Tsjalling april 17, 16:09

    In 16e-ieuse skriuwer jowt in yndruk fan hoe’t it Frysk yn de 12e ieu sprutsen waard? Dat kin ik my min foarstelle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.