Falensianen binne ek nuvere lju

april 26, 2014 19:47

Rare lju, dy Katalanen – sa hiet de film dy’t op 21 febrewaris by bioskoop Slieker yn Ljouwert te sjen wie, yn it Katalaansk en Dútsk, mei Fryske ûndertitels. De film giet oer de Dútske Alina, dy’t Katalaansk leard hat en dan yn in âld Folksweinbuske troch Kataloanië toert. Hja praat mei in protte minsken en komt derefter dat lang net elkenien it gewoan fynt dat se wol Katalaansk praat, mar gjin Spaansk.

Alina is populêr wurden, net allinne yn Fryslân, mar ek yn Kataloanië. Dat, hja giet meikoarten fannijs op ‘en paad. Dit kear giet se op ‘e fyts fuort en bedarret se yn Falensia, de Spaanske regio súdlik fan Kataloanië. Dêr wurdt ek Katalaansk praat, mar de taalhâldings is der hiel oars. Hoewol’t it Katalaansk der in offisjele taal is, funksjonearret it der as dialekt. Foar formele saken wurdt it Spaansk brûkt. As Alina Katalaansk prate wol, smyt dat bytiden lilke reaksjes op. As se freget om in rûnlieding yn it Katalaansk, kriget se fan in lilke frou te hearren dat rûnliedings “gewoan” yn in Spaansk binne, of oars yn it Ingelsk.

De nije film hjit fan Què ens passa, Valencians? en dat betsjut safolle as ‘Hoe no, Falensianen?’. Hjirûnder is alfêst in foarstikje te sjen. Oft er wer mei Fryske ûndertitels yn in Fryske bioskoop te sjen is, is noch net bekend. It Nijs hopet fansels fan al.

april 26, 2014 19:47
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. triarii april 26, 12:33

    Blikstjinders, dit smyt gaadlike ideeën op foar Omrop Fryslân. Mei in ferhoalen kamera troch Fryslân hinne en fêstlizze de tûkelteammen by it brûken fan ús memmetaal yn ‘e iepenbiere romte.
    Is dat net wat foar ‘fan ûnderen op”?

  2. triarii april 26, 16:00

    Redaksje, dêr sit wat yn, dochs komt men net samar oan it krekte reau. Sil der ris nei fernimme yn myn rûnten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.