Eastermar earet Dam Jaarsma
Resint ferskynd
- Stikken Pier21 wurde opfierd yn Mauritanië en Udine (It.) 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Oersetwedstriid Randy Newman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
Freedtemiddei 11 april is de offisjele iepening fan it Dam Jaarsmajier yn Eastermar.
It is 100 jier lyn dat Nederlâns grutste samler fan folksferhalen (sawat 17.000 eksimplaren) berne waard. Ek op Europeesk nivo levere hy in grutte en wichtige bydrage. In goede gelegenheid om dizze beskieden samler, skriuwer en echte ‘Wâldsjer’ te earjen. Der is in jierprogramma mei ferskate aktiviteiten en eksposysjes. Jaarsma wenne syn hiele libben oan ‘t Wâltsje yn Eastermar yn it hûs dêr’t mei de iepening in moaie gevelstien ûntbleate wurdt.
Stifting 100 jier Dam Jaarsma wol yn 2014 it (kultuer)histoaryske en wittenskiplike belang fan it wurk fan de fakman Dam Jaarsma yn it omtinken fan in breed publyk bringe. Om dat te berikken wurdt gearwurke mei ûnder oaren de famylje, it Meertens Ynstitút, Tresoar en Museum Dr8888.
Gevelstien en eksposysje
11 April ûntbleatet wethâlder fan kultuer Houkje Rijpstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel om 16:00 oere in gevelstien oan it bertehûs fan Dam Jaarsma oan de E.M. Beimastrjitte nr. 18. Dêr hat Jaarsma oant syn dea yn 1991 wenne. Yn De Kjellingen yn Eastermar wurdt dêrnei om 16:30 oere de eksposysje ‘Dam Jaarsma, samler foar it neiteam’ iepene. Dêryn is in strange seleksje te sjen út de ûntelbere objekten, fakentiden út de Fryske Wâlden, dy’t Jaarsma as profesjoneel samler foar it neiteam beholden hat.
Om 19:30 oere wurdt yn teater Meerzigt in filmportret toand oer Jaarsma. Yn dat portret, produsearre troch Tresoar, komme minsken oan ‘t wurd dy’t Dam Jaarsma goed kend hawwe.
Adam Aukes Jaarsma
Op 29 july 1914 wurdt yn Eastermar Adam Aukes (Dam) Jaarsma berne. Hy is de jongste út in húshâlding fan fjouwer bern. It gesin wennet oan de E.M. Beimastrjitte. Op ‘e legere skoalle leart it ‘hoofd der school’ de jonge Dam Frysk skriuwen. Dam is in betûfte learling en komt fia in talittingseksamen yn de twadde klasse fan de Ryks-HBS yn Drachten. Nei de HBS folget er de stúdzje Teology yn Grins.
Op fersyk fan de Fryske Akademy begjint Dam fan 1948 ôf folksferhalen ôfkomstich út de Fryske Wâlden te sammeljen. Dam sammele en publisearre earder ek al folksferhalen op eigen inisjatyf. Hy garre allerhande sjenres ferhalen dy’t yn de mûnlinge oerlevering rûngiene: wûndermearkes, sêgen, grappige fertellings, anekdoaten en moppen. Jaarsma giet op ‘e fyts by syn ynformanten del, wat de prestaasje namste grutter makket. Foar dit wurk kriget er spesjaal in bânopname-apparaat ta syn foldwaan, yn de jierren fyftich fan de foarige ieu noch in seldsum stik technyk. Syn fyts moast oanpast wurde om dit swiere apparaat drage te kinnen! Njonken it sammeljen skreau Dam Jaarsma ek gedichten en toanielstikken. Dêryn is syn foarleafde foar it ienfâldige en folksaardige goed werom te kennen.
Meertens Instituut
Yn 1965 kriget Jaarsma it fersyk fan de KNAW (Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen) om ek te sammeljen foar it Meertens Ynstitút, it buro foar Folkskunde. Tolve jier letter wienen fan de 32.000 ferhalen yn de databank fan it Meertens Ynstitút, sammele út hiel Nederlân, allinnich al 16.867 ! ôfkomstich fan Dam Jaarsma.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje