Toeristeburo lilk om Fryske Marren

april 16, 2014 18:40

DE JOUWER – It buro foar toerisme fan Fryslân, Friesland Holland, agearret fûl tsjin de Fryske Nasjonale Partij (FNP). Dy wol perfoarst de krek ynfierde gemeentenamme De Friese Meren (Joure en fiere omkriten) feroarje yn De Fryske Marren. ‘Dizze operaasje kostet tonnen en betsjut grutte reputaasjeskea foar in fantastysk fakânsjegebiet,” fynt direkteur Albert Hendriks.

Trije fusearre rekreaasjegemeenten Skarsterlân (haadplak de Jouwer), Lemsterlân (haadplak de Lemmer) en Gaasterlân-Sleat (haadplak Balk) hawwe by’t it oangean fan de fúzjebesprekkings, in pear jier lyn, de wurknamme De Friese Meren betocht en kleemd. De gemeentenamme is oeral offisjeel ynfierd, oant yn de fierste úthoeken, en yn alle foarmen fan kommunikaasje, sa seit Hendriks.

Wylst bestjoer en amtners fan De Friese Meren krekt klear binne mei de ynfiering fan de Nederlânsktalige gemeentenamme, easket de FNP nei de resinte ferkiezingswinst in Frysktalige gemeentenamme: De Fryske Marren. It folsleine namsferoaringssirkus giet wer op toernee as de gemeenteried ynkoarten akkoart giet mei de eask fan de FNP.

Hendriks: “De FNP skoart op it stuit goed yn Fryslân, mei troch’t oare partijen minder tûk binne. De taalstriid yn de provinsje kostet hieltyd mear enerzjy en jild, oant yn ‘t absurde. Gjin wûnder dat de toeristebelesting hieltyd omheech moat. Rekreaasje- en horekaûndernimmers binne bang foar de hegere kosten foar de marketing fan harren ûndernimming. It konsekwint tapassen fan twa talen, in Nederlânsk- en in Frysktalige gemeente- en plaknamme, soe in soad jild útsparje en minder tsierderij opleverje.”

Spot

De direkteur fan it toeristeburo driuwt op de toeristyske nijsside friesnieuws.nl de spot mei de polityk yn Súd-Fryslân mei in letterlik en figuerlik bedoelde ‘djoere grap’:

http://www.friesnieuws.nl/rubrieken/moppen-archief/1222-de-fryske-marren

Hy hat ek domeinnammen as www.friesemeren.eu en www.defryskemarren.com ynset om foar te kommen dat de fakânsjeregio nearne te finen wêze sil as fakânsjegebiet.

april 16, 2014 18:40
Skriuw in reaksje

12 opmerkingen

  1. Sieger Schotanus april 16, 23:29

    Ferkearde man op it ferkearde plak

  2. mbc84 april 17, 07:58

    dizze fint docht oft Friezen fout sitte (yn eigen gebiet!) mar úteinlik hawwe de fúzjemannen it ferkeard dien. Dy hienen fuortendaliks sjen moatten nei it feit dat twa fan ‘e trije fúzjegemeenten Frysktalich binne, en dat de wurknamme sadwaande ek yn it Frysk moatten hie. It geëamel om de ferfrysking fan ‘e namme fan dizze gemeente, it begjint my ta de kiel út te hingjen sa stadichoan. Meie wy net iens in eigen gemeentenamme hawwe? It is sawat it iennige Frysk dat sichtber is. En noch wolle de Hollanners ús dwers sitte, ymperialisten!

  3. Fere Suppe april 17, 09:04

    Der binne in protte argumenten sunder hurde
    sifers presenteare troch immen dy it slangen
    brieden wol ut protter aaien.

  4. Tsjerk april 17, 10:18

    Dy jildwolf en anty-Fries fan in Albert Hendriks fan ‘Friesland Holland’ moat sa gau mooglik syn wurk fier oer de Fryske grins hinne sykje.Wy kinne yn ‘Fryslân’ syn ‘absurde’ foaroardielen misse as spein spek. ‘Holland’ moat foar him genôch wêze …

  5. Arjen april 17, 12:03

    De offisjele wetternammen stean tusken skrapkes, ynstee fan de Hollanske. Gau op sokkebolje moat dizze man as werom nei de skoalbanken en syn oplieding op ‘e nij dwaan. Op die selde siden hawwe jo net iens in folledich oersjoch fan de (mini)kampings, ferhierbedriuwen ensf.

  6. Bertus Jans Postma april 17, 12:38

    Jim kenne dochs dy Wolvegeaster Don Quichot wol? Hy is mei syn FNP-hate de man néi Jehannes Liuwe Staal fan Hurdergaryp dy’t yn de tachtiger en njoggentiger jierren syn galle spuide oer de plak-nammeferoarings yn Tytsjerksteradiel. Yn it begjin fan dizze ieu hat Jehannes foargoed de holle dellein: hy hie de striid ferlern. En lyksa sil nije wike HIndriks witte, dat hate neat gjin goeds út fuorko
    mt.

  7. Johannes maaie 1, 14:10

    Albert Hendriks hat hân mei Fryslân. As hy net in demokratysk beslút respektearje kin, moat hy wat oars sykje. Wurk sykje yn Hollân bygelyks, dêr is it allegearre yn ‘t Hollânsk. Hy hat ek gjin niget oan Fryslân en de Fryske minsken. It Frysk docht fertuten by bûtenlanners, krekt as se yn Ingelân, Frankryk of Dútslân binne, in moaie oare taal. Fakânsje hâlde is feroaring fan loft en in nijsgjirrige taal en aardige minsken. Dat allegearre fynt in fakânsjegonger yn Fryslân.

  8. Ina maaie 2, 00:34

    It toeristeburo soe bliid wêze moatte mei de namme Fryske Marren. Goed foar it toerisme. Wij fine yn Wales de Welshke nammen dochs ek bysûnder en ûnderskiedend.Der ferdwale de bus-en frachtweinsjofeurs ek net.

  9. Diûwerd maaie 2, 11:36

    Dan binnen je goed dwaande as oanjager fan it toerisme yn Fryslân, ‘toeristyske’ URL’s kape en NET ynsette foar it toerisme. Dat Friesland Holland kin mar better oar wurk sykje. Of in oare namme, mei ik in útstel dwaan: Fryslân Nederlân. Wy binnen hjir net in hapje Hollân op it lêst.

  10. wiebren maaie 2, 13:35

    Eltse gek hat syn gebrek.
    Stêd Sleat en ommelannen: binne wy ek ôf fan it geseur oer al of net De Fryske Marren. Alle marren binne ommers ek al ûnderstrûpt….

  11. Jehannes Elzinga maaie 2, 16:23

    Wat is dat foar in organisaasje: Friesland Holland? De kombinaasje allinnich al docht my rydboskjen…
    Friesland bestiet as namme net iens, it moat Fryslân wêze!
    Hat dat soms eat te krijen mei dy frisofoben dêr yn De Jouwer? Ik soe sizze: ôfskaffe sa’n toeristeburo!
    Ik kin my net foarstelle dat dy eat goed foar Fryslân dwaan kinne. Fuort dermei!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.