Basken demonstrearje foar eigen taalbelied

april 4, 2014 23:35

Baskyske taalorganisaasjes hawwe har nocht derfan dat de Spaanske oerheid de Basken net in eigen taalbelied opsette lit. Gemeenten dy’t it Baskysk stypje wolle, moatte harren plannen earst foar goedkarring oan de Regearingsfertsjintwurdiger foarlizze. Dat is in hege ryksamtner dy’t út namme fan it regear yn Madrid yn de autonome dielsteaten de relaasje tusken dielsteat en steat ûnderhâldt. Syn rol is wat te ferlykjen mei dy fan in komsaris fan ‘e kening yn Nederlânske provinsjes.

Op it stuit is de Regearingsfertsjintwurdiger yn Baskelân Carlos Urquijo Valdivielso fan de Partido Popular, in partij dy’t neat hawwe moat fan regionale autonomy en minderheidstalen. Urquij Valdivielso hat him al ferskate kearen bemuoid mei it taalbelied fan gemeenten en har twongen om taalbefoarderjende maatregels werom te draaien.

Ut protest tsjin de Spaanske bemuoienis organisearret Kontseiluak, in koepel fan taal- en kultuerorganisaasjes, nije wike woansdei in demonstraasje foar taalautonomy. De Basken easkje dêrmei it rjocht op om selsstannich in taalbelied op te setten.

Hjirûnder is Carlos Urquij Valdivielso te sjen yn in protestfilmke dat minsken opropt om mei te demonstrearjen. Klik op ‘e foto om it filmke te sjen.

 

 

april 4, 2014 23:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob april 4, 14:46

    De PP is gewoan in partij dy’t altyd sein hat foar in grut Spanje te wêzen sûnder oare talen en lokale kultueren. It gefolch is simpel. De Katalanen en Basken driigje hieltyd mear mei ôfskieding en sels yn Galisië wurdt troch hieltyd mear jongerein Galisysk sprutsen om oan te jaan dat hja neat fan de unionisten yn Madrid hawwe moatte. It hat wat fan “tink net oan in rôze oaljefant!”.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.