Unferwachts ferbod op sutelaksje

maart 31, 2014 22:57

LJOUWERT – De sutelaksje mei net trochgean, alteast net mei provinsjale stipe. De plende doar-oan-doarferkeap fan Fryske boeken yn kroaden is konkurrinsjeferfalsking. Dat seit in groep Nederlânske útjouwers. Hja wolle yn in koartpleit in ferbod ôftwinge op de sutelaksje. Dat dogge se yn reaksje op in berjocht fan de provinsje Fryslân, dy’t hjoed oankundige hat de sutelaksje fannijs stypje te sillen.

Neffens wurdfierder Madelon Huijskens fan de Súd-Hollânske útjouwerij Brielman kinne útjouwers yn dizze tiden fan ûntlêzing net akseptearje dat guon fan harren oerheidsstipe ûntfange, wylst oaren oanwiisd binne op ‘e merk.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

UPDATE:
Wa’t it boppesteande leaut, is der moai yn tommele. Sa’t yn de reaksjes al te lêzen is, is it hjoed … 1 april!

maart 31, 2014 22:57
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Jeroen Hammink maart 31, 23:09

    En terecht. Dit kun je tegenover de uitgeversbranche niet maken.

  2. X. maart 31, 23:10

    Bespotlik! In lytse literatuer sa as de Fryske moatte jo wol stypje, oars hat er gjin kâns fan stypjen. Dit is taalbelied, dat moat meie!

  3. Cornelis van der wal maart 31, 23:11

    Hiele aardige 1 aprilgrap!

  4. Erwin2.0 maart 31, 23:12

    Se binne wol op ‘e tiid! 🙂

  5. Leo ter Heide maart 31, 23:56

    Hjir wurd ik no hiel drôvich fan.

  6. pier april 1, 00:00

    grapke

  7. Sybrand april 1, 00:06

    Sûnt wannear litte Friezen har dingen ferbiede? Kop derfoar! Fryslân boppe!!!

  8. Fere Supe april 1, 09:45

    Fuck them

  9. Bertus Jans Postma april 1, 12:27

    Foar Sybrand: Friezen litte har al ieuwenlang fan alles ferbiede: yn ‘e rjochtseale, yn ‘e klasse, yn ‘e riedseale, yn tsjerke, … ‘Fryslân boppe’ te roppen hat nea noch net folle holpen. Wol te witten hoe’t wy fan de ferdrukking ferlost wurde kinne soene, mar it oan oaren oerlitte om dat te beävesearjen?

  10. Tsjerk april 3, 09:38

    Bertus hat gelyk. Friezen litte harren fan alles ferbiede. Formeel en ynformeel. Yn alle soarten fan maatskiplike domeinen. Al sûnt de 16te ieu. Kom yn beweging. Slút jim oan by bewegingsorganisaasje en doch sels echt wat. En hâld dat fol. Jierrenlang. Stean letterlik en figuerlik op de barrikaden. Nim in foarbyld oan Bertus.Dan hat men rjocht fan praten. Mei gjalpen op it ynternet en gerop fan de sydline ôf komme wy der net.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.