Provinsje betellet mei oan sutelaksje

maart 31, 2014 16:05

LJOUWERT – De provinsje stelt jild beskikber foar in sutelaksje fan Fryske boeken. It giet om inkelde tsientûzenen euro’s. De stifting Tsjil, besteande út Fryske skriuwers, hat dêr in fersyk foar yntsjinne.

Yn septimber kroadzje skriuwers by wize fan proef yn tsien doarpen boeken by de doarren del. Ferienings út dy doarpen helpe harren. De proef moat útwize hoefolle ferlet oft der is fan Fryske boeken keapjen oan de doar. De provinsje jout it jild omdat it om in inisjatyf út de mienskip giet.

De sutelaksje fan Stifting it Fryske boek waard yn 2009 ôfskaft. De opbringsten sakken, trochdat oerdeis hieltyd minder minder minsken thús wiene. Boppedat waard it dreech om genôch frijwilligers te finen. Neffens de Fryske skriuwers hat de ôfskaf in minne set west. Sûnt dy tiid wurde folle minder boeken ferkocht.

Tekst: Omrop Fryslân

maart 31, 2014 16:05
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Alfred Plantinga maart 31, 18:50

    Sa heart it; Fryske boeken fertsjinje stipe. We hearre grutsk te wêzen op ús kultuer.

  2. X. maart 31, 19:13

    Dat is goed om te hearren. De sutelaksje hie nea stopset wurde moatten, mar moai dat er der wer is.

  3. Erwin2.0 maart 31, 20:12

    Geweldich nijs! Seker in opstekker foar de Fryske literatuer.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.