Minderheidstalen yn winkels

maart 28, 2014 00:10

By de supermerk yn Earnewâld (sjoch de foto hjirnêst) fynt men in pear Fryske opskriften, mar dan hâldt yn Fryslân ek hurd op. Teksten yn Fryske winkels binne yn it Nederlânsk, hast sûnder útsûndering. Minderheidstalen komme yn supermerken oan ‘e krapperein. De lânstaal slacht oeral foar master op.

Oeral? Net hielendal. Yn Wales is supermerkrige Tesco seis jier lyn út ein set mei twataligens. Opskriften yn ‘e winkel waarden twatalich, klanten koene kieze foar in Welsktalige of in Ingelsktalige kassiêre en reklameboadskippen waarden om-en-om yn it Ingelsk en it Welsk omroppen.

Iersk-Ingelske twataligens

Yn Ierlân kriget dat foarbyld no neifolging. In pear Ierske fêstigings fan Tesco yn it westen fan dat lân, dêr’t it Iersk de deistige omgongstaal is, binne dwaande mei in eksperimint om twatalich te wurden. Lykas yn Wales wurde teksten twatalich omroppen, binne opskriften twatalich en wurde klanten yn har eigen taal te wurd stien. Twatalige meiwurkers hawwe spjeldsjes op mei de oprop om Iersk tsjin har te praten. As it eksperimint foldocht, wol Tesco op termyn al syn 146 winkels yn Ierlân twatalich meitsje.

Poalen op taalkursus

Patti Feerick is bedriuwsliedster fan in Tesco-filiaal yn Galloway. As berne Amerikaanse hat se it Iersk net fan hûs út meikrigen of op skoalle leard. Se is it lykwols hielendal iens mei it nije twatalige belied en is mei trije Poalske kollega’s op taalkursus gien. Frou Feerick seit: “It sil jo nij dwaan hoe’n soad minsken oft meidwaan wolle. Wy ha hjir in protte Poalen en sels sy binne de taal oan it learen. Wy hienen net tocht dat it sa oanslaan soe en dat de klanten ús hieltyd fertelle hoe’t se it wurdearje. Wy hienen it der al in skoft oer om mear Iersk yn ‘e winkel te brûken. Undertusken seagen wy op oare plakken hieltyd mear twatalige buorden ferskinen. Doe’t de saak fan ‘t simmer oan in opknapbeurt ta wie, ha wy besocht om fuort mear omtinken oan twataligens te jaan.”

In opstiging is it twatalige belied net, sa seit frou Feerick: “Wy geane hjirmei troch, it is gjin foarbygeande aksje.” Tesco is wilens selektearre foar de finale fan de pleatslike twatalichheidspriis fan Galway. Yn april wurdt de priis útrikt.

maart 28, 2014 00:10
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. X. maart 28, 13:01

    Goed plan! Eins nuver dat net ien fan de Fryske bewegingsorganisaasjes der oait oan tocht hat om hjir wurk fan te meitsjen. Fryslân mei no net achterbliuwe by Wales en Ierlân!

  2. Lútsen maart 29, 12:53

    ”Tsjinstferliening yn it Frysk”, op in boerd boppe in kassa by AH? Nee, safier binne wy noch lang net. Wêrom net? Foer foar psychologen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.