Lilkens oer Russyske kontraktbrek

maart 31, 2014 18:19

Ruslân seit iensidich in mannich ferdraggen mei de Oekraïne op. Dêr hat de Doema, it Russyske parlemint, hjoed ta besletten. It giet om ôfspraken op it mêd fan definsje en sinteraasje. Neffens de Russen binne de ôfspraken net mear relevant, no’t it lân it skiereilân De Krim ynlive hat.

Yn 2010 hawwe de beide lannen ôfpraat dat de Russyske marine yn ruil foar in lege gaspriis en in jierlikse hier fan 71 miljoen euro in basis op ‘e Krim brûke mei. Neffens de Russyske premier Dimitry Medvedev hat Ruslân doe in foarskot fan acht miljard euro betelle. Dat jild wol Ruslân werom hawwe fan de buorlju.

De Dútske minister fan finânsjes Wolfgang Schäuble ferlike de Russyske hannelswize mei Hitler sines yn 1938. Dy live doe it Sudetelân by Dútslân yn. Dat wie dêrfoar in part fan Tsjechië mei in grutte Dútsktalige minderheid. Neffens Schäuble kinne de Russyske maatregels fataal wêze foar de Oekraynske ekonomy. Hy beklamme fierders dat der in kâns bestiet dat Ruslân de macht yn in ekonomysk ferswakke Oekraïne oernimt mei in berop op ‘e beskerming fan ‘e Russyske befolking yn dat lân.

maart 31, 2014 18:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.