Kaartsje: hjir kinne homo’s trouwe

maart 29, 2014 21:41

Mei de iepenstelling fan it houlik foar lykslachtige pearen yn Ingelân en Wales is it tal lannen mei in offisjeel homohoulik de tweintich berikt. Op it ûndersteande kaartsje is te sjen hokkker lannen oft it trouwen fan homopearen mooglik makke hawwe. Yn de Feriene Steaten en Meksiko is it homohoulik mar yn in part fan it lân mooglik. Fan de lannen fan it Feriene Keninkryk sil Skotlân him letter dit jier by Ingelân en Wales foegje, wylst Noard-Ierlân it homohoulik ynearsten net tastean sil.

Hoewol’t homo’s yn alle Nederlânske gemeenten trouwe kinne, binne der yn ferskate gemeenten saneamde ‘ferpofamtners’, dy’t net meiwurkje wolle. Hja bliuwe in polityk striidpunt, benammen tusken de kristlike partijen oan ‘e iene kant en de sekuliere partijen oan ‘e oare. Yn de Karaïbyske gemeenten Bonaire, Sint Eustatius en Saba is it homohoulik ferline jier pas ynfierd.

De lannen mei in legaal homohoulik binne op it ûndersteande kaartsje yn rôze oanjûn.

 

De lannen mei in homohoulik, mei it jier fan ynfiering:

1. Nederlân (2001)
2. België (2003)
3. Feriene Steaten (2004)
4. Spanje (2005)
5. Kanada (2005)
6. Súd-Afrika (2006)
7. Noarwegen (2009)
8. Sweden (2009)
9. Portugal (2010)
10. Meksiko (2010)
11. Argentinië (2010)
12. Yslân (2010)
13. Denemarken (2012)
14. Frankryk (2013)
15. Nij-Seelân (2013)
16. Uruguay (2013)
17. Equador (2013)
18. Brazilië (2013)
19. Ingelân (2014)
20. Wales (2014)

(Kaartsje: NOS)

maart 29, 2014 21:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.