Grizelje yn de Fryske taal

maart 29, 2014 12:44

GRINS – Mûskestil wie it publyk fan Geart Tigchelaar en Willem Schoorstra justerjûn yn de sositeit fan studinteferiening Bernlef yn Grins. Yn swarte pakken liezen de skriuwers grizelferhalen út eigen pinne foar. Yn in tsjustere romte stiene se efter rigen flakkerjende kearskes, tusken wyld kringeljende reek (út in masine) en lieten de omtrint tritich harkes huverje by aventoeren dy’t har beide yn in kelder ôfspilen.

Dat it grizeljen de Friezen al lang yn it bloed sit, bewiisde masterferteller Douwe Kootstra. Hy kaam net mei nije grizelferhalen, mar mei oerlevere folksferhalen. As der wer in “potferdomme” yn syn ferhaal foarkaam, gniisden de oanwêzigen, om dêrnei wer yn alle earnst te beharkjen hoe’t in man mei in libben lyk op ‘e rêch oer de heide strúnde, mei dy syn neilen stiif yn it fleis fan syn skouders treaun.

Taalkundige Henk Wolf lei út dat it grizelsjenre yn de Fryske folksferhalen rom fertsjintwurdige wie en dat it in hiel soad moaie wurden opsmiten hat dêr’t moderne skriuwers fan grizelliteratuer ek wat oan hawwe kinne, bygelyks ‘it twadde gesicht hawwe’ foar heldersjend wêze. Willem Schoorstra woe hawwe dat de horrorliteratuer pas yn de jierren 70 ûntstien wie, benammen troch tadwaan fan skriuwer Stephen King. It sjenre hie him dêrnei ûntwikkele, mar wie oan de Fryske literatuer sa goed as foarbygien.

De jûn waard ynlaat en ôfsluten troch oersetter Anne Popkema, dy’t foarlies út syn oersetting fan De skacht en de slinger fan Edgar Allan Poe, dat foar it earst oan it publyk presintearre waard. It grizelboek is útjûn troch de nije útjouwerij Regaad, dy’t ûnder de titel Frîske horrortûr ek in bondeling fan de ferhalen fan Kootstra, Schoorstra en Tigchelaar útjout.

maart 29, 2014 12:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.