Frysktalige pommerantepreek

maart 19, 2014 21:47

Snein 23 maart 2014 fersoargje Jannewietske de Vries en Dietske Bouma tegearre in Pommerantepreek yn de Grutte of Jacobijnertsjerke yn Ljouwert, Jacobijnerkerkhof 95. Oanfang 16.00 oere. De Pommerantepreek duorret oant sa. 17.00 oere, oanslutend is der oant 18.00 oere it Pommerantekafee. Doarren iepen fan 15.30 oere ôf, tagong is fergees.

jdv

Brek troch de muorren hinne

De Vries en Bouma hawwe als tema fan dizze pommerantepreek keazen: “Brek troch de muorren hinne en jou dyn eigen stim.”

Dat De Vries en Bouma tegearre de preekstoel fan de Grutte Tsjerke beklimme hat in dúdlike reden: “Wy hawwe tegearre fan 2002 oant 2007 wurke yn de direksjerie fan de gemeente Ljouwert. Wy wurken as freonen, gjin striid, fol fertrouwen. Wy hiene eagen en ear foar elkoar en de minsken om ús hinne. Dat hat de gemeente goed dien. Wy bliuwe trou oan ús freonskip en sa stean wy hjir no. Spegels foar elkoar”

Oan dizze pommerantepreek wurdt fierders meiwurke troch:

  • Ljouwerter Amtnerkoar De Schakel fan de Gemeente Ljouwert û.l.f. Dennis Dronkers
  • Sang troch Nadieh Wesseling mei pianobegelieding troch Laura de Rover
  • Multi Culti Bernekoar út de Frijheidswyk

Pommerantepreek

In Pommerantepreek is in bysûndere en ynspirearjende gearkomste mei de tsjerke as plak fan hanneling. Der stiet gjin dûmny op de kânsel, mar in bekende Fries fertelt oer syn of har passy en driuwfearren en bringt dy yn ferbân mei in ferhaal út ‘e Bibel of in oar boek fan Wiisdom. Alle ynteressearre en trouwe gasten fan de Pommerantepreken binne wolkom. Opjefte foarôf is net nedich.

Oer Pommerant as dûmny

In 2012 sette de Stifting it projekt Pommerant as Dumny út ein. De doelstelling is nije wearden út de kultuer te ferbinen mei de tradisjonele wearden fan de bibel en oare boeken fan wiisheid. Om dit te realisearjen freget de Stifting Pommerant as Dûmny promininte froulju en manlju – yn de Fryske taal: pommeranten – om harren persoanlike missy en passy út de doeken te dwaan yn ‘e foarm fan in preek. Sy krije dêrfoar – leauwich of net leauwich – de beskikking oer in preekstoel yn in tsjerke. Sy meie sels ek it muzikale listwurk fan sang, dâns of popband, ensafuorthinne kieze. De Pommeranten komme út de Fryske wrâld fan keunst, kultuer, sport, bestjoer, polityk, media en wittenskip. It binne dus perfoast gjin dûmny’s, priesters, imams, rabbi’s of oare geastlik lieders, it binne wol spraakmeitsjende profesjonels.

Foar de simmermoannen dit  jier is noch in Pommerantepreek plend. Dy wurdt holden op 22 juny. Dy sil ek wêze yn de Grutte of Jacobijnertsjerke.

maart 19, 2014 21:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Skarlun. april 19, 09:41

    Oer ‘t algemien binne pommeranten minsken dy ‘t harren boppe de oaren ferheffe.’t Soe myn preek net wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*