Frysktalich belestingformulier beskikber

maart 31, 2014 15:01

Belesting weromfreegje is al in poepetoer en boppedat binne de formulieren standert yn it Hollânsk, dat om dat dan ek nochris yn it Frysk te dwaan, dat is hast elkenien tefolle wurk. It webstee leuker.nl fûn dat spitich en hat dêrom in online-weromjefteformulier yn it Frysk makke. It is ornearre foar studinten mei ferskate bybaantsjes. Betinker Roger Oliveira ljochtet ta: “De Friese taal mag gebruikt worden voor een proces-verbaal, het oprichten van een stichting of vereniging, het kopen van een huis en het opmaken van een testament. Maar er is nog geen belastingaangifte.”

Neffens Oliveira binne de standertformulieren fan ‘e belestingtsjinst sa yngewikkeld dat studinten alle jierren sa’n 80 miljoen euro oan tefolle betelle belesting net weromfreegje.

Klik hjir om belesting werom te freegjen yn it Frysk. It betsjinningsdiel fan it programma stiet rjochts yn byld.

maart 31, 2014 15:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.