Filmke: Amsterdam yn de 17e ieu

maart 27, 2014 00:11

Amsterdam is yn ‘e Gouden Ieu útwoeksen ta in wrâldstêd. Yn 1600 wie it mei 50 tûzen ynwenners noch in stêd fan it formaat fan Snits, hûndert jier letter hie de stêd al 200 tûzen minsken binnen syn grinzen.

It Amsterdamske stedsargyf hat in filmke makke dat  strjitte foar strjitte, hûs foar hûs sjen lit hoe’t de stêd him yn ‘e 17e ieu útwreide. Earst wurde de nije strjitten en grêften oanlein, dan wurde se beboud en dan komme bysûndere nije gebouwen lykas de Westertsjerke yn byld.

maart 27, 2014 00:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen maart 27, 11:12

    Alderprachtichst yn byld brocht!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.