It ferskil meitsje

maart 25, 2014 19:37

By Doarpswurk hawwe wy fansels de gemeenteriedsferkiezings op ‘e foet folge. Der feroaret wakker wat: Hoe geane de – hyltyd grutter wurdende – gemeenten om mei nije taken?

En wat betsjut dat foar Doarpsbelangen en Doarpshuzen? Wat betsjut dat foar de libbenstier op it plattelân, foar it wenjen, it foarsjenningsnivo en berikbere soarch? Of makket it allegearre net in protte út?

Wy fan Doarpswurk fine dat it in soad útmakket! No’t de kiezers harren útsprutsen ha, stiet de foarming fan in kolleezje foar de doar en wurde der rieds- en kolleezjeprogramma’s makke.

Yn de ferkiezingskampanjes binne beloften dien oer ûnderwerpen as de lytse skoallen, iepenbier ferfier, foarsjenningsnivo, tsjingean fan krimp, wentebou, duorsumens, feiligens en soarch.

Politike partijen en keazen riedsleden kinne no sjen litte wat de op harren útbrochte stimmen wurdich binne.

Oft beloften ek oersetten wurde yn konkrete plannen en oft de kiezers net om ‘e nocht nei de stimbus gongen binne?

Ik bin benijd.

Jan Waterlander, foarsitter bestjoer Doarpswurk

maart 25, 2014 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.