Ekonomy rint, mar regear besuniget troch

maart 31, 2014 18:27

DE HAACH – It giet goed mei de Nederlânske ekonomy. Nederlân hat syn begruttingstekoart tebekkrongen ta 2,5 persint. Dat hat it sintraal buro foar de statistyk CBS hjoed buorkundich makke. Nederlân sit no rom ûnder it Europeesk fêststelde maksimum fan 3%. It regear hat troch te besunigjen alle war dien om dat te berikken. It is fiif jier lyn dat Nederlân foar it lêst oan de Europeeske noarm foldie.

Premier Mark Rutte seit dat er wiis is mei it nijs fan it CBS, mar dat it regear ynearsten trochgiet mei besunigjen. “We geven nog steeds miljarden per jaar te veel uit”, sa seit er. De premier stribbet dernei om it begruttingstekoart hielendal fuort te wurkjen.

Net alle partijen binne it iens mei Rutte. D66 en de ChristenUnie achtsje it wichtich dat de ekonomy in oantrún kriget. Dat kin troch minder te besunigjen en de lêsten fan de boargers te ferlichtsjen. It CDA wol belestingferleging en in lytsere oerheid.

maart 31, 2014 18:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.