Earste nasjonale team Fryslân

maart 31, 2014 21:48

Under de namme National Medieval Combat Team Frieslande sil Fryslân fertsjintwurdige wurde op it ynternasjonale swurdfjochtevenement Battle of the Nations. It is de earste kear dat Fryslân mei in eigen nasjonaal team dielnimt oan in ynternasjonaal sportevenemint. Yn it team sitte swurdfjochters út de ferskillende Fryske lannen lykas East- en Noard-Fryslân. De Ynterfryske Ried docht yn in brief oan de organisaasje fan Battle of the Nations te witten dat se tige ynnommen binne mei in eigen Fryske fertsjintwurdiging oan it sportevenemint.

Yn it ferline ha der wol ris Westerlauwerske Friezen, East-Friezen of Noard-Friezen mei in eigen fertsjintwurdiging meidien oan in ynternasjonaal sportevenemint. Sa hienen de Noardfriezen by it EK fuotbal foar minderheden, de Europeada, in eigen alvetal gearstald. It nasjonale swurdfjochtersteam Fryslân is lykwols it earste ynter-Fryske team dat hiel Fryslân fertsjintwurdiget.

maart 31, 2014 21:48
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Erwin 2.0 april 1, 10:36

    Sjoch ris oan! Hjir wurd ik dus bliid fan. No noch foar fuotbal. 🙂

  2. wirbel april 1, 19:22

    Dat is moai en wat om grutsk op te wêzen!

  3. Sytse april 1, 22:07

    Gean sa fierder. Sjoch ris nei it olympysk spul. Fierwei de measte prizen binne nei Fryslân gien. Wat soe ‘t geweldich wêze as de Fryske flagge dêr te sjen wie.

  4. Maria Del Grosso april 4, 09:08

    Sitte der ek Westerlauwerske Friezen yn it team? Soe wol leuk wêze foar de Ljouwerter Krante. Dan hear ik it graach!

  5. FK maaie 18, 12:51

    Hawar, tiid foar de EFA en oaren om har yn te setten foar it útkomme fan sporters foar harren eigene lân/regio. By ynternasjonale eveneminten. FLAGGE, FOLKSLIET, TENUE en wat net mear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.