Deadlike ebolagoarre

maart 31, 2014 16:19

Nei’t it deadlike ebolafirus begjin maart opdûkte yn Guinee, is it no de grins oerstutsen nei Libearia. It firus hat dêr ien deadlik slachtoffer makke. In oar is besmet, mar noch net ferstoarn. Yn Guinee binne wilens santich minsken troch ebola dearekke.

Wa’t mei it ebolafirus besmet rekket, kriget swiere koarts en slimme ynterne bliedings yn it hiele lichem. It firus is tige besmetlik en laat yn de measte gefallen ta de dea. Der is gjin medisyn foar. Yn 2007 waard foar it lêst in ebolagoarre konstatearre. Doe kamen yn Oeganda 22 minsken troch de sykte om.

maart 31, 2014 16:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.