Cambuur oerstjoer om oerstap Lodeweges

maart 31, 2014 22:48

LJOUWERT – It nijs dat trainer Dwight Lodeweges SC Cambuur ynruilet foar SC Hearrenfean is min fallen by de Cambuurfans. Op sosjale media en foara op ynternet reint it reaksjes oer de gefoelige oerstap fan de trainer. De measten binne net posityf. Sa wurdt Lodeweges in ‘ferrieder’ neamd. Twa fan de supportersklups, Kern van Cambuur en Cambuur Culture, wolle dat de trainer fuortendaliks fuortgiet en net oan de ein fan it seizoen.

Kern van Cambuur seit it betrouwen yn Lodeweges op. Se fine it ûnbegryplik dat yn dizze foar Cambuur sa wichtige faze fan de kompetysje sa’n berjocht nei bûten komt.

By de supporters fan SC Hearrenfean binne de reaksjes wikseljend. Sa fine guon dat Lodeweges net goed genôch is foar Hearrenfean. Al wurdt der wol konstatearre dat Cambuur it ûnder syn lieding wol hiel goed docht. De kar wurdt by de Feansupporters benammen hiel opmerklik neamd. Guon hoopje dat it in 1 april-grap is.

maart 31, 2014 22:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.