Wurd fan it jier: gnúfkamera

febrewaris 14, 2014 17:17

LJOUWERT – Gnúfkamera is keazen as Frysk nijswurd fan 2013. It wie foar in wedstryd fan de Ried fan de Fryske Beweging, de Fryske Akademy en Tresoar ynstjoerd troch Cornelis Kooistra fan Nijlân. 79 minsken hiene eigen ferfryskings fan Nederlânske nijswurden ynstjoerd. De sjuery nominearre in longlist fan fiif wurden foar de priis.

De oare nominearre neologismen wiene mienskipsstipe (‘crowdfunding’),  prûmdrug (‘kauwdrug’), relyswiler (‘sprokkelgelovige’) en rútstalling (‘windowdressing’). De sjuery makke de priiswinner fan ‘e middei buorkundich yn Tresoar yn Ljouwert.

In ‘gnúfkamera’ is in ‘gluurcamera’, in ferburgen kamera dy’t brûkt wurdt om ûnwittende minsken lykas wurknimmers te begnuven. De sjuery ûnder lieding fan frisist Hindrik Sijens beskôge it as it wurd dat de grutste kâns hie om yn te boargerjen.

(Foto: Wieke de Haan)

febrewaris 14, 2014 17:17
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wokke de Ruiter febrewaris 15, 10:32

    Gnûfkamera, soene wy dat ûnthâlde kinne? As soene wy der lang oer stinne moatte?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.