Aldtestamintyske kamielen binne fiksje

febrewaris 10, 2014 17:14

TEL AVIV – De ferhalen fan it Alde Testamint binne letter betocht. Dat jildt alteast foar de ferhalen dêr’t kamielen yn foarkomme. Israëlyske wittenskippers hawwe ûntdutsen dat de kamiel pas om 900 foar Kristus hinne nuet makke is. De ferhalen fan it Alde Testamint spylje 1500 oant 2000 jier foar Kristus.

It ûndersyk is útfierd troch de argeologen Erez Ben-Yosef en Lidar Sapir-Hen fan de universiteit fan Tel Aviv. Hja hawwe bonken fan nuete kamielen fûn yn ierdlage oant rûchwei 900 foar Kristus. Yn âldere lagen wurde se mar sporadysk fûn. Se binne dan fan wylde kamielen. Proeven mei de koalstofmetoade op ‘e bonken jouwe deselde datearring as de ierdlagen.

Teologen nimme nammers al lang oan dat de ferhalen fan it Alde Testamint foar it earst opskreaun binne yn de tiid fan de Babyloanyske ballingskip, yn de 6e ieu foar Kristus. It liket derop dat it Joadske folk der yn dy tiid wat kamielen by betocht hat. Der komme frijwat kamielen yn it Alde Testamint foar. It begjint al yn Genesis, dêr’t Rebekka fan har kamiel sprint as se Isaak yn it fjild gûlen sjocht. David stelt yn Samuel kamielen, aartsfader Jakob rydt derop, lykas in soad oare Aldtestamintyske figueren, en neffens de spiiswetten yn Levitikus meie Joaden gjin kamielefleis ite.

febrewaris 10, 2014 17:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes febrewaris 10, 21:02

    Net allinnich is dit ferhaal betocht, mar alle ferhalen fan de roman “De Bibel” binne allegearre betocht. Ek fan alle oare geloven is alles betocht. Ik betink no krekt dat myn ferhalen ek allegearre betocht binne. Ik tink de hiele dei en út en troch skriuw ik dêrfan wat del.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.