Takomst mûne Boerum yn feilichheid bringe

jannewaris 31, 2014 16:58

De FNP-fraksje yn de Steaten fan Fryslân wol dat de provinsje de gemeente Kollumerlân skewielet yn it gefal dat de ôfbaarnde mûne Windlust syn monumintestatus ferlieze sil. Dat stelt de fraksje yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Sa as bekend wol de Rykstsjinst foar kultureel erfguod dat de mûne fan de list mei ryksmonuminten ôffierd wurdt. Der soenen neffens saakkundigen te min orizjinele boumaterialen yn ferwurke wêze. Ien fan de gefolgen fan sa’n beslút is dat skielk it ûnderhâld fan de byldsettende mûne faai komt te stean.  

Neffens de FNP soe it skrassen fan de mûne fan de list mei ryksmonuminten in klap yn ‘t gesicht fan de Boerumers wêze. De mûne wie en is in markant bouwurk, in drager foar it Fryske lânskip en moat dêrom sjoen wurde as in provinsjaal belang.

Lykwols ferwachtet wurdfierder Jan Visser in posityf beslút fan de Rykstsjinst: ‘It entûsjasme en de mienskipssin wêrmei‘t de mûne wer opboud is moatte wol beleanne wurde. Boppedat is der hielendal gjin sprake fan in modernisearring mar fan in fakkundige restauraasje’.

De FNP is posityf oer it behâld fan de monumintestatus. Mocht it Ryk dochs in oar beslút nimme dan moat de gemeente yn needsitewaasje in berop dwaan kinne op de provinsje foar it ûnderhâld. ”Grutsk op ‘e romte” en ”omtinken foar restauraasjetechniken” binne oant 2017 nije spearpunten yn it provinsjale monumintebelied. Neffens Visser lizze der prachtige kânsen om as gebietsregisseur it Ryk oan te fiterjen en mear ynfloed te krijen op it behâld fan it kulturele erfguod.

jannewaris 31, 2014 16:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.