Printeboek op ’e nij ûnderskieden

jannewaris 31, 2014 16:49

It hâldt net op mei ‘Fjouwer dappere mûskes’, it troch de Afûk útjûne printeboek fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra.

Neidat it boek earder al ûnderskiedingen krige, is it no ien fan de 250 White Ravens op ’e jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek  München. De list wurdt sûnt 1993 publisearre, en de lêste edysje befettet titels yn mear as tritich talen út sa’n fyftich lannen.

Dêrfoar wie it boek al nominearre foar de IBBY Honour List 2014, in twajierlikse ynternasjonale seleksje fan eksellinte útjeften foar bern en jongerein. Septimber dit jier sil de organisaasje de list wrâldkundich meitsje op har 34e kongres, diskear hâlden yn Meksiko.

Tichter by hûs wie it mûzeboek fan Dam en Terpstra nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2013. Dêrneist hat it oan ’e basis stien fan in teaterstik, opset troch de Stichting School en Kunst. It is útfierd wurden troch Douwe Heeringa en it Nationaal Symfonisch Kamerorkest, en waard besocht troch 4500 bern.

jannewaris 31, 2014 16:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.