Ofskiedsfoarstelling Seth Gaaikema

jannewaris 19, 2014 17:24

GRINS – Mear as in heale ieu hat er op ‘e planken stien. Jûn docht kabaretier Seth Gaaikema dat foar it lêst. Yn de stedsskouboarch fan Grins spilet Gaaikema de lêste foarstelling fan it programma Wat ik nog zou willen.

De 74-jierrige Gaaikema is bekend om syn taalboarterijkes. Hy hat gâns konferênses jûn en ek ferskate kearen de âldjierskonferênse op him nommen. Hy wie ek bekend as literêr oersetter, ûnder oaren fan de musicals Les Misérables en Evita. Gaaikema begûn syn karriêre yn 1958 as tekstskriuwer foar Wim Kan. Net lang dêrnei stie er sels as konferensier op it poadium.

(Foto: Wikipedia / VOO)

jannewaris 19, 2014 17:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.