Oarsaak erupsje superfulkaan fûn?

jannewaris 9, 2014 19:55

In ynternasjonaal tiim fan wittenskippers hat útfûn wêrtroch in superfulkaan ‘eksplodearret’.

Superfulkanen binne oars as ‘gewoane’ fulkanen om’t se net fuortynienen útbarste ofwol mei barstend geweld eksplodearje. Dat bart net trochdat, sa as by gewoane fulkanen, magma djip út ‘e ierdkoarste omheech dreaun wurdt wêrtroch’t de druk yn de ûnderierdske magmakeamer te heech oprint. Mar wat der dan wol bart, is al jierren ûnderwerp fan diskusje.

Fuotbal ûnder wetter

Wim Malfait en Carmen Sanchez-Valle fan de ETH-universiteit yn Zürich dienen der tegearre mei kollega’s út ûnder mear Japan en Frankryk ûndersyk nei. Hja produsearren magma yn it laboratoarium en bestudearren dat mei röntgenstrielen, wylst se de druk (oant 36.000 atmosfear) en de temperatuer (oant 2700 graden Celsius) fariearren.

En hja kamen ta in konklúzje. “De driuwende krêft efter in supererupsje is de ekstra druk dy’t feroarsake wurdt troch it ferskil yn tichtens tusken de rotsen der omhinne en it floeibere magma”, seit Malfait. “Ferlykje it mar mei in fuotbal dy’tst ûnder wetter triuwst en dy’t omheech treaun wurdt troch it ‘tichtere’ wetter.” As de druk mar heech genôch oprint, generearret dat genôch krêft om mear as tsien fjouwerkante kilometer ierdkoarst mei ûnbidich geweld iepen te brekken.

Foar safier’t bekend is besteane der seis superfulkanen: de Toba op Sûmatra, de Taupo yn Nij-Seelân, de Japanske Aira Caldera, en de Amerikaanske Long Valley Caldera, Valles Caldera en de ferneamde superfulkaan ûnder it Yellowstone National Park. Dy lêste feroarsake al sa’n trije kear earder in supererupsje: 2,1 miljoen jier, 1,3 miljoen jier en 640.000 jier lyn.

800 megaton

De moderne minske hat aldergeloks noch nea in útbarsting fan in superfulkaan meimakke. De grutste fulkaanútbarsting dy’t ‘wy’ ea trochstien hawwe, wie dy fan Mount Tambora, op it Yndonezyske eilân Sûmbawa. Dy gigant eksplodearre yn april 1815 mei in klap dy’t op 2600 kilometer ôfstân te hearren wie. Dy klap hie in krêft fan 800 megaton TNT; mar leafst sechstjin kear de krêft fan de Tsar Bomba, de grutste atoombom dy’t it  minskdom oant no ta ta ûntploffing brocht, en sa’n 53.000 kear dy fan Little Boy, de atoombom dy’t Hiroshima yn pún lei.

De útbarsting fan de Tambora feroarsake in wolk fan superhjitte lava, gas en pún dy’t alles yn in straal fan 20 kilometer fuortfage. De kustgebieten fan oare Yndonezyske eilannen waarden oerspield troch tsûnamys. Troch de útbarsting sels kamen 11.000 minsken op slach om en nochris 60.000 fûnen yn de jierren nei de ramp de dea troch in tekoart oan iten en troch sykten.

Mar sels dy útbarsting mei net lykje by wat ús te wachtsjen stiet as ienris ien fan dy superfulkanen útbarste sil. It ûndersyk kin derfoar soargje dat better te foarsizzen is wannear’t ien fan de superfulkanen op ûntploffen stiet.

Op it stuit is op Noard-Sûmatra de Sinabûng al in pear moanne aktyf. De ôfrûne wike binne de doarpen yn ‘e neite fan de fulkaan evakuearre. Sûnt ein novimber binne al sa’n alve minsken omkaam. De Sinabûng wie fjouwerhûndert jier rêstich, mar fan 2010 ôf is er wer ‘libben’ en sûnt septimber is de fjoerspuiende berch tige aktyf.

jannewaris 9, 2014 19:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Tako jannewaris 10, 02:24

    Moai stikje! No litte we net benaud wurde.
    In anekdoate. Ek de Krakatau wie in slim grutte utbarsting. Tafallich dat Tambora en Krakatau, wier mei ofstan de grutste utbarstingen fan de leste per hundert jier, beiden op doedestiids Nederlansk grungebiet plakfun hawwe…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.