Mear ûnderwizers op Fryske les

jannewaris 31, 2014 00:23

DE HAACH – De hegeskoallen NHL en Stenden krije ekstra jild fan it Ryk en de provinsje om kursussen Frysk oan te bieden. Dy kursussen binne ornearre foar learkrêften yn it basis- en fuortset ûnderwiis. In protte fan harren hawwe te min kennis om goed Fryske les jaan te kinnen. De pabûs (opliedings foar ûnderwizers op ‘e basisskoalle) biede wol in kursus oan om it saneamde ‘foech Frysk’ te heljen, mar 40% fan de learkrêften hat dêr gjin gebrûk fan makke. De hegeskoallen biede al in pear jier kursussen Frysk foar skoallen oan, mar de belangstelling dêrfoar is neffens de provinsje te lyts.

De maatregels is diel fan in ferbetteringsslach dy’t de provinsje Fryslân meitsje wol op it mêd fan ‘e Fryske lessen. De Twadde Keamer hat der hjoed oer praat oft de provinsje tenei it sizzen oer dat fak kriget. Dêr is brede stipe foar. De SGP, dy’t earder wat tebekhâldend wie, is ek om, no’t steatssekretaris Dekker tasei dat de desintralisaasje fan it ûnderwiisfoech nei Fryslân in ynsidintele maatregel is. It doel is net om mear ûnderwiistaken by de Ryksoerheid wei te heljen, sa’t de SGP freesde.

jannewaris 31, 2014 00:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap febrewaris 3, 16:13

    Dy ton foar (€ 100.000) Frysk foar de Fryske Pabo’s is der al sûnt 1989. Hollanners ha dêr in moai spreukje foar: “koekje van eigen deeg”. Boppedat mei yngong fan 1984 (yfiering PABO) is der mar ien algemien foech foar masters en juffen yn it basisûnderwiis. Dêrfoar krigen jo in apart foech foar gymnastyk (j), “handenarbeid” (r) en “nuttige handwerken” (k). Foar Frysk bestie der doe noch in foech ûnder de namme w. Foar 1984 krigen ûnderwizers it foech om les te jaan yn de fakken a o/m i (fan lêzen oant en mei tekenjen) en foar j, k, r en w moasten se in aparte oantekening helje. Dat is mei de start fan de PABO ôfskaft: leararen basisûnderwiis wiene algemien bekwaam ferklearre. Dus in foech foar gymnastyk en foar Frysk wie der net mear of men soe in akte dêrfoar helje moatte. Al dat gepraat oer it foech Frysk hat dus gjin wetlike ûnderbouwing. Elts dy’t yn Nederlân slagge is as learaar basisûnderwiis mei hjir Frysk jaan ek al ferstiet dy net in wurd Frysk. Der waard troch de wetjouwer fanút gien dat de skoallen soks sels wol regelje soene.
    Omdat de Fryske PABO’s ek Frysk oanbiede moasten (wat de oare PABO’s yn Nederlân net hoechden) krigen NHL en CHN elts in ton ekstra mar dêr moasten se ek ûnderwizers foar neiskoalje. Konklúzje: regelje earst dat foech. Mar dat wurdt in poepetoer want it stelt de algemiene beneamberens yn ‘e kiif.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.