Grammatika foar ynternasjonaal publyk

jannewaris 31, 2014 09:07

De besteande kennis oer de Nederlânske en Fryske grammatika beskikber meitsje foar in ynternasjonaal wittenskiplik publyk. Dat is it doel fan it Taalportaal, dat sneon 1 febrewaris offisjeel iepene wurdt op de Grote Taaldag 2014.

It Nederlânsk is ien fan de bêst bestudearre talen binnen de hjoeddeistige taalwittenskip. Likegoed wie der noch gjin folsleine en wittenskiplik fundearre beskriuwing fan de grammatika fan it Nederlânsk. Dat wurdt no oars: goed 1,7 miljoen Euro hat NWO stutsen yn it opsetten fan in firtueel taalynstitút, it Taalportaal.

De ôfrûne trije jier hawwe ûndersikers fan it Meertens Instituut, de Fryske Akademy, it Instituut voor Nederlandse Lexicologie, de Universiteit Leiden en de Universiteit Utrecht mei-inoar oparbeide om ta in algemien tagonklike online grammatika fan it Nederlânsk en it Frysk te kommen. Yn in wikipedia-eftige struktuer binne de wurdstruktuer, de lûdstruktuer én de sinstruktuer fan it Nederlânsk en it Frysk  beskreaun. Op basis fan besteande publikaasjes beskriuwt it Taalportaal hoe’t de grammatika’s fan it Nederlânsk en it Frysk der hjoed-de-dei útsjogge. En omdat dy grammatika’s hieltyd feroarje, sille de beskriuwings yn de takomst up-to-date hâlden wurde. Yn Súd-Afrika wurde op ‘t heden plannen útwurke om it Afrikaansk oan it Taalportaal ta te foegjen.

It Taalportaal is in Ingelsktalige website en benammen ornearre foar ûndersikers. Mar it is ek fan grut belang foar lju dy’t op in mear praktyske wize mei de taal dwaande binne. Lykas dosinten dy’t it Nederlânsk en it Frysk oan oaren leare moatte, bygelyks oan oarstaligen. Om dy lêste groep te geriven, wurde yn it Taalportaal de grammatikale noarmen ek oanjûn. De earste resultaten komme beskikber mei de presintaasje op de Grote Taaldag.

It Taalportaal (http://www.taalportaal.org) wurdt no sneon, 1 febrewaris, offisjeel iepene op de Grote Taaldag 2014 yn Utrecht troch Hans Bennis, direkteur fan it Meertens Instituut.

jannewaris 31, 2014 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.