Fjildslach tusken Friezen en Grinzers

jannewaris 22, 2014 21:01

LJOUWERT – De Fryske teatermakkers fan BUOG ha in plan foar in nij teaterstik. Se wolle wat dwaan oer de relaasje tusken Grinslân en Fryslân, op de grins tusken beide provinsjes. It stik Grensland is in gearwurking mei de stichting Peerd út Grinslân. Yn Grensland wolle Grinzers en Friezen mei elkoar gearwurkje, mar dat resultearret úteinlik yn in fjildslach. It stik wurdt yn septimber seis kear opfierd yn Fryske Peallen. Op dat plak is yn 1724 it grinsferdrach tusken beide provinsjes tekene waard. BUOG makke lêsten it stik Leeghwater op de Ofslútdyk.

BUOG siket foar it nije stik minsken út de regio dy’t sjonge, dûnsje en spylje kinne. Ek binne muzikanten, ruters, motorriders en minsken nedich dy’t bekend binne mei artillery en kanonnen.

(Tekst: Omrop Fryslân)

jannewaris 22, 2014 21:01
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. East-fries jannewaris 27, 15:52

    Well, sorry but the article is just wrong. The Ommelande have been since ever part of Frisia as well as the now german oostfriesland! The makers of Buog should really read Frisian history! Ubbo Emmius published some nice books about it.

  2. Erwin2.0 jannewaris 27, 18:14

    Ik hoopje dat dizze teaterfoarstelling der net sa komme sil yn dizze foarm. It moat de minsken tichter by elkoar bringe en net tsjin elkoar ophitse. En sa’n teaterfoarstelling einigje litte mei in fjildslach is histoarysk net korrekt en kultureel net rjochtfeardich. Wy hearre by elkoar, wy binne ien.

    East-Fries, you’re absolutely right.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.