Evert Wilstra yn ‘e polityk

jannewaris 31, 2014 16:54

Evert Wilstra fan Bakkefean is op de ledegearkomst fan FNP-Opsterlân keazen ta listlûker foar de gemeenteriedsferkiezings fan 19 maart 2014.

Evert wie yn de rite 2006-2010 earst kommisjelid en letter riedslid foar de FNP. Evert har earder ûndernimmer yn Bakkefean west en hy is de betinker fan de Fryske Olympiade, sa’t dy yn juny 2013 yn Burgum hâlden is.

Op it twadde plak stiet Janco van der Werf fan Terwispel, earder ûndernimmer op De Gordyk en op dit stuit technysk adviseur by in bedriuw yn Easterwâlde. Tredde stiet Jacob de vries fan Bakkefean, dy’t yn syn frije tiid wakker warber is as toanielspiler en karmaster.

Earste frou op it fjirde plak is Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma fan Oerterp. Ed Knotter fan Beetstersweach stiet op it fiifde plak, feedokter Roel Falkena fan De Gordyk stiet seisde en feehâlder Sytze van der Meulen fan Wynjewâld/De Himrik stiet sânde. De FNP is no net yn de ried fan Opsterlân fertsjintwurdige mar is der wis fan dat dat feroarje sil. “We gean foar minimaal twa sitten, seit Ultsje Hosper, foarsitter fan de ôfdieling.

jannewaris 31, 2014 16:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.