Earste riders op natoeriis

jannewaris 30, 2014 12:30

Reedriders hawwe tongersdeitemoarn de earste streken set op it iis fan de Ryptsjerksterpolder. It giet om Leo Schuil, Jochem de Vries en Herman van der Geest. De trije binne faker de earsten dy’t it iis yn de polder op geane. It iis is op dit stuit heechút twa sintimeter tsjok. De riders sakken der hjir en dêr dan ek trochhinne.

Yn Menaam wurdt ek riden. Bern fan de iepenbiere skoalle kinne dêr gebrûk meitsjen fan in stik fan it plein dat woansdeitejûn ûnder wetter setten is.

(Boarne: Omrop Fryslân)

jannewaris 30, 2014 12:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.