‘De Fries bestiet net’

jannewaris 30, 2014 17:08

It Kafee fan de Kleine Wetenschap mei as tema ‘De Fries bestaat niet’ wie mear as grôtfol. Goed tachtich belangstellenden út Ljouwert en omkriten kamen tiisdeitejûn 28 jannewaris nei it Oranje Bierhûs om te harkjen nei en te diskussearjen mei twa wittenskippers. 

Kultuer en identiteit
De Fryske identiteit wie it tema fan dit Kafee fan de Kleine Wetenschap. Emiel Stoffers fan de Fryske band de Hûnekop iepene de jûn mei inkele ‘Fryske sjansons’. Dêrnei hold heechlearaar kultuer en kognysje Barend van Heusden (RUG) in riddenaasje oer kultuer en identiteit. Hy iepene mei in kognitive definysje fan kultuer. Kultuer bestiet út trije diminsjes: tebektinken, it ferskil tusken tebektinken en it ‘hjir en no’ en strategyen wêrmei’t tebektinken en it ferskil mei inoar yn ferbân brocht wurde. Sa binne der fjouwer strategyen: waarnimme, ferbyldzje, konseptualisearje en analysearje.

By de Fryske identiteit wurdt de tredde strategy tapast. Konseptualisearje is it ferskil tusken tebektinken en ‘hjir en no’ ûnderbringe ûnder in algemien begryp dat jo wol kenne. Dat bart troch taal. Van Heusden joech it foarbyld fan de grutte brân yn ‘e binnenstêd fan Ljouwert fan 19 oktober 2013. Doe waard it begryp Mienskip faak neamd. Mienskip is it tebektinken, de grutte brân is it hjir en no. De strategy om mei dit ferskil om te gean is konseptualisearjen wêrby’t de brân ûnderbrocht waard ûnder it begryp Mienskip. Neffens Van Heusden is ‘Frysk wêzen’ ek wat wy der sels fan meitsje. It is net genetysk set dat jo Frysk binne, mar it giet derom oft jo josels Fries/zinne fiele.

De Fries en Mienskip
Nei in pear sjansons fan Emiel fertelde histoarikus en skriuwer Erik Betten oer de Fries en Mienskip. Betten begûn mei de wedstriid tusken Cambuur en Hearrenfean fan snein 26 jannewaris 2014. Hjir foel de identiteitskwestje goed te sjen. Cambuurfans claime harren besibbens mei de famylje Cammingha, in âlde Fryske famylje, en sy wolle derop oan ‘de kultuer fan de stêd Ljouwert’ te wêzen. Hja presintearje Ljouwert as ‘anty-Frysk’. Dit ropt fernuvering bûten Fryslân op, want Ljouwert is dochs Frysk?

Dêrnei fertelde Betten oer syn ûndersyk nei de Fryske identiteit foar syn boek. ‘Wannear beskôgje jo josels of immen oars as in Fries?’ wie in wichtige fraach út dat ûndersyk. De útkomst wie dat de respondinten ‘Frysk prate’ it meast wichtich fûnen, folge troch ‘josels Frysk fiele’ en ‘berne yn Fryslân’. Betten hold ek in stekproef ûnder de gasten fan dit kafee. Hjir wie ‘josels Frysk fiele’ it wichtichste kritearium foar Frysk wêzen. Ta beslút kaam it begryp Mienskip oan ‘e oarder. Betten frege him ôf oft de ‘wiere’ mienskip wol op dit begryp sit te wachtsjen. Dat bea genôch stof ta diskusje ûnder de gasten.

jannewaris 30, 2014 17:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.