It Dam Jaarsmajier knalt 2014 yn
Resint ferskynd
EASTERMAR – De foarsitter fan doarpsbelang Eastermar, Jan Wind, ûntbleate mei de foarsitter fan de “Stichting 100 jaar Dam Jaarsma” Iris Rusz, krekt nei de jierwikseling mei in bult knalfjoerwurk it Dam Jaarsmaplein. It is yn 2014 krekt 100 jier tebek dat dizze folksferhalesamler berne is yn Eastermar. Letter fertelde foarsitter Rusz yn “Eetcafe It Breed” de plannen fan de stichting it kommende jier.
De aktiviteiten
De stichting hat it ôfrûne jier sawat alle wiken oan it gearkommen west om in moai Dam Jaarsmajier te bewurkmasterjen. De start sil wêze op 11 april 2014. Dan sil in plakette ûntbleate wurde op it Dam Jaarsmahûs oan de E. M. Beimastrjitte fan Eastermar. Op it doarpsfeest en de diskemerk op 28 juny sil it Dam Jaarsmaplein ynrjochte wurde yn neitins fan de ferneamde Eastermarder.
Tresoar, Museum Drachten en it Meertens Instituut hawwe harren meiwurking tasein oan fjouwer tentoanstellingen en in film. Boppedat wol de stichting kultuerhistoaryske lânskipsekskurzjes organisearje by plakken yn de Fryske Wâlden lâns, dêr’t de folksferhalen har ôfspylje. Fierders wolle se ûnder oaren in lesprogramma ûntwikkelje foar de bassiskoalle, in foardrachtswedstriid en in besinningstocht organisearje. Op “It Easterbarren” op 30 augustus yn Eastermar sil in poadium yn it teken stean fan Dam Jaarsma.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje