Brief Dutroux oan Jean-Denis Lejeune

jannewaris 21, 2014 00:18

Marc Dutroux hat in brief fan 44 siden skreaun oan Jean-Denis Lejeune, de heit fan Julie. Yn dy brief, dy’t hy ein foarich jier skreau, fertelt hy ‘syn’ wierheid, bringt DH Radio oan ‘t ljocht. Neffens sjoernalisten dy’t de brief seagen, steane yn dit dokumint withoe folle nammen en nije útbringsten. De abbekaat fan Dutroux, Pierre Deutsch, seit dat hy de brief net krigen hat en dat er net op ‘e hichte wie fan de stappen fan syn kliïnt.

Dutroux weve yn de brief ôf mei ferskate minsken en docht it foarkommen as is hy ien of oare ‘rêder’, seit sjoernalist Didier Haine. Neffens Haine is de brief in ‘reässemblaazje fan eleminten út it dossier’. De sjoernalist seit dat it dokumint echt is.

 

Ûnbekende feiten

It dokumint befettet nammen en feiten dy’t oant no ta noch net bekend wiene. Marc Dutroux komt werom op fragen fan de âlders, eigenet har him ta en docht him foar as immen dy’t op ‘e siik is nei de wierheid en wroechwjirm hat.

‘De mearheid fan de nije tsjûgen dy’t Dutroux yn fertrouwen namen, binne dea. Hja wurde brûkt ta geunste fan in skriuwen dat him ûntheft fan ferantwurdlikheid’, seit sjoernalist Michel Bouffioulx, dy’t it ek hat oer ‘yntellektuele ûnearlikheid’ en ‘in revizjonistyske lêzing fan de saak-Dutroux’.

De ynhâld fan de brief is net nei te gean en potinsjeel gratuit. Der is gjin inkel elemint dat polysje of rjochtbank talit om der djiper op yn te gean, warskôget Bouffioulx.

De abbekaat fan Marc Dutroux, Pierre Deutsch, seit dat it him fernuveret, út reden dat alle post fan detinearre minsken iepenmakke wurdt, útsein dy tusken abbekaten en harren kliïnten. De abbekaat hâldt út dat er de brief net krigen hat en dat er der gjin aan fan hie wat Dutroux útheefde.

‘Dit docht sear

Paul Marchal, de heit fan An, in oar slachtoffer fan Marc Dutroux, hat reagearre op de brief dy’t Dutroux nei Jean-Denis Lejeune stjoerd hat. ‘Dutroux is in psychopaat en in psychopaat hat gjin moederaasje mei oare minsken, allinnich mar foar himsels. Hy wol oandacht lûke en besiket op ien of oare wize earder frij te kommen.’

Marchal seit ek dat er net leaut yn it ferhaal dat Dutroux no fertelt. ‘It is altyd pynlik dat in proses dat einlings ôfsletten is hieltyd op ‘e nij omtinken kriget. En uteraard docht dit ek sear’, beslút Marchal.

jannewaris 21, 2014 00:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.