Selfie Hollânsk wurd fan it jier

desimber 18, 2013 10:28

Dat hat wurdboekútjouwer Van Dale tiisdei buorkundich makke. Oare wurden dy’t kâns makken op ‘e titel wurd fan ‘t jier wienen: koningslied, kopschopper, kweekburger, sletvrees, socialbesitas, voedselsjoemel, boekface, comakijken en knikkelbolziekte.

Spontaanwei

In selfie is in fotografearre selsportret, meastal makke mei in snoadfoan, in digitale kamera of in webcam. It wurd waard earder ek al yn Ingelân keazen ta wurd fan it jier. Hoewol’t it lykje moat as is selfie in spontane aksje, de brûkers betinke fan tefoaren goed hoe’t sy der it bêst op steane. Hjir wat tips foar in goeie selfie.

1. Ofstân – Op in foto fan hiel tichtby sjogge mar in pear minsken der himmel út. Hâld der dus rekken mei datst de kamera net te tichtby hâldst.

2. Eftergrûn – In selfie draait miskien fral om dysels, mar in goeie eftergrûn is ek wichtich. Sjoch dus nei de omjouwing en tink goed om wat der efter dy bart. Stiet der bygelyks in beam yn ‘e eftergrûn? Tink der dan om dat dy net krekt efter de holle stiet, sadat it liket as groeit de beam út ‘e holle.

3. Stân fan ‘e holle – In faak makke flater fan selfie is it te leech hâlden fan de kamera. Hjirtroch stiet net de holle sintraal, mar fral de noastergatten. Nimmen sjocht graach yn ‘e noastergatten fan in oar, dus hâld de kamera leaver wat heger.

4. Duckface – Eltsenien besiket der op ‘en foardielichst út te sjen op syn selfie en dat hat laat ta de duckface, fral populêr ûnder froulju. Troch de lippen krek wat te tútsjen, komme wangbonken moai nei foaren, dus it is in leidige wize fan sjen. Dochs is it ôf te rieden om de duckface te brûken. Dizze wize fan sjen is sa faak tapast dat it by guon yrritaasjes opwekt. Ek wichtich: wikselje gesichtsútdrukkings ôf.

5. Filters – Hast in goeie foto, mar sjochst der dochs noch wat skylfiskeftich út? Der binne ferskate handige foto-apps wêrmei’t in filter lein wurde kin oer de foto. Hjirtroch kinst bygelyks kleuren feller meitsje.

Wat wurdt it Frysk wurd fan’t jier?

Klik hjir en do sjochst, dat it wurd selfie ien fan de tolve wurden is dy’t de sjuery dit jier ynbringt om in nijsgjirrich, kreatyf Fryske oersetting foar te betinken. It kin oant en mei 19 jannewaris 2014; de sjuery makket freed 14 febrewaris 2014 om 14.00 oere yn Tresoar yn Ljouwert bekend hokker oersetting it moaist fûn wurdt.

desimber 18, 2013 10:28
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Rob desimber 18, 11:59

    Bedoelt Van Dale net it “Ingelske wurd fan’t jier dat yn’t Nederlansk brûkt wurdt”? Oars soe it zelfie wêze moatte.

  2. Lútsen desimber 20, 16:22

    …en yn it Frysk wurdt dat fansels ‘selsy’, of net? 😉

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.