‘Reade Krús moat mear útlizze’
Resint ferskynd
It Reade Krús moat mear útlis jaan oer de help dy’t it wrâldwiid jout.
Dat seit ôfgeand direkteur fan it Nederlânske Reade Krús, Cees Breederveld, tsjin NU.nl. “It feit dat transparantens noch hieltyd sa’n kwestje is, hat dermei te meitsjen dat wy noch net genôch minsken dúdlik meitsje kinne wat der mei harren jild dien is.”
Breederveld makket hjirby in ûnderskie yn twa soarten transparantens: de boekhâldkundige en dy fan de ferhalen. “Wy hawwe it it meast oer dy boekhâldkundige transparantens, mei sifers sjen litte wat der mei dien is.” Hjir wurdt neffens de Reade Krús-direkteur de measte enerzjy yn stutsen en it measte jild oan útjûn. “Mar ik tink net dat in soad minsken nei de webside geane om te sjen hoe’t it mei de sifers giet. Se wolle de ferhalen lêze.”
Neffens Breederveld mei it Nederlânske Reade Krús folle mear sjen litte hoe’t minsken better wurden binne troch alle help. “Hoefolle libbens hawwe wy rêden of hoefolle minsken hawwe wy wier in better libben besoarge?” Om’t der by in ramp safolle ferskillende saken regele wurde moatte, sil it neffens Breederveld net maklik wêze dat te dwaan. “Mar it is wol it wichtichste.”
Tsûnamy
Breederveld waard yn 2005 oansteld as direkteur fan it Nederlânske Reade Krús, koart nei’t ferskate Súdeast-Aziatyske lannen troffen wiene troch de tsûnamy. “Dêrtroch wist ik fuortendaliks wêr’t ik it allegear foar die”, fertelt Breederveld oer dy tiid.
Yn de jierren dêrnei folgen ferskate grutte ynlânske en bûtenlânske foarfallen dêr’t it Reade Krús ûnder Breederveld syn lieding oanwêzich wie. Sa bea de organisaasje help nei it fleantúchûnk fan Turkish Airlines (2009) en nei de sjitterij yn Alphen aan de Rijn (2010). Earder wie it Reade Krús yn Pakistan nei de ierdbeving yn 2005 en yn Japan nei de tsûnamy yn 2011.
It Reade Krús koördinearret tsjintwurdich de ynset fan alle helporganisaasjes dy’t ûnderdak biede oan slachtoffers fan rampen.Foarhinne wie dy koördinaasje der net en wurken organisaasjes faker byinoar lâns. As foarbyld neamt Breederveld de ierdbeving by Haïty, dy’t yn 2010 mear as in miljoen minsken hûsleas makke. It tekoart oan in lokale oerheid soarge der foar dat der gjin organisaasje wie yn wat der barre moast. “Dat kin dan sawat in twadde ramp wêze, wêrby’t eltsenien inoar foar de fuotten rint.”
Filipinen
By de helpferliening nei de tyfoan Haiyan dy’t yn novimber oer de Filipinen touwere, siet der neffens Breederveld foarútgong yn it oanstjoeren fan de ferskate organisaasjes. “It is foar alle partijen wennen om yn klusters koördinearre te wurden, mar it giet hyltyd better. It is allinnich nea goed genôch.”
Sa wie it lestige op ‘e Filipinen de logistyk, in soad eilannen wienen ûnberikber foar de help. “Dat wie in grut probleem”, seit Breederveld. “En dan gripe oare organisaasjes al gau nei metoaden dêr’t wy net sa’n foarstanner fan binne.” De Reade Krús-direkteur doelt hjirmei op it droppen fan iten. “Dêr profitearje de sterksten fan, wylst wy krekt wolle dat de meast kwetsbere minsken holpen wurde. Dêrom ha wy ek yngewikkelde systemen dy’t soargje dat it iten op in rjochtfeardige wize ferparte wurdt. En dêr heart it droppen fan itenswaar, as it wier net oars kin, net by.”
Konklúzjes
Foar Breederveld is it yn ‘t gefal fan de Filipinen lykwols noch te betiid om konklúzjes te lûken oer hoe’t de helpferliening der oer ’t gehiel nommen ferrûn is, om’t in soad helpferlieners noch op it plak binne. “Mar ik tink dat wy op de Filipinen fral leard hawwe dat jo jo ek tariede moatte op in tige lestige logistike situaasje.”
As helporganisaasje moat der wat Breederveld oangiet mear mei lokale oerheden soarge wurde dat der soksoarte foarsjenning binne dat jo minder lêst ha fan dy logistyk. “En dat der in organisaasje is dy’t beslút hokker dingen as earste transportearre wurde moatte en op hokker wize.” Mei de help oan de Filipinen en it suksesfol ôfrûnjen fan Serious Request slút Breederveld dit jier noch syn tiid by it Reade Krús ôf. Fan 1 jannewaris ôf wurdt hy as direkteur opfolge troch Gijs de Vries. Breederveld bliuwt warber as heechlearaar rampegenêskunde yn it Amsterdamsk Medysk Sintrum.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje