De antyfriezen binne ûnder ús

desimber 21, 2013 13:54

Troch Nanne Hoekstra (skreaun foar en op woansdei 18 desimber publisearre yn de Ljouwerter Krante)

It ferfryskjen fan de foarriedige gemeentenamme De Friese Meren laat ta opskuor. De ûnridlike opstelling fan de fûlste reboeljeskoppers ferriedt dat se tsjin it Frysk binne. De stelling: De antyfriezen binne ûnder ús en dat is reden om jo minder te ferbrekken.

Op gearkomsten binne der meastentiids wol guon dy’t úthâlde dat it petear yn it Nederlânsk moat. Jo krante beheint it brûken fan it Frysk, want oars oppenearje de kleiers harren. En der binne altyd lju dy’t Fryske plaknammen opkeare: “o heden, nimmen kin ús mear fine”. It ferrifeljende is dat dyen altyd beare dat se wiswier wol wiis mei it Frysk binne, mar…(folje mar yn). Dêrby meitsje se minsken dy’t foar it Frysk opkomme gauris foar trochdriuwers en djipfriezen út. Party Friezen hâlde harren dan mar wer stil, want se wolle harren ridlik opstelle en der leaver gjin spul om ha en de hannel moat der net ûnder lije.

Fryske Marren komboerdLykwols wurdt mei de reboelje om de namme fan fúzjegemeente De Fryske Marren ynienen dúdlik wa’t der wier ûnridlik binne. Want no blykt sels in lyts rigeltsje Frysk ûnderoan kûmbuorden al net iens mear akseptabel te wêzen. Om de ûnridlikens fan dat stânpunt te maskearjen, wurdt roppen en raasd oer de kosten, dy’t tarekkene wurde oan de ferfrysking mar fansels feroarsake binne troch it al fierstente fier trochfieren fan de foarriedige Nederlânske namme. De reboeljeskoppers twivelje boppedat blykber net oan it neamde en net ûnderboude bedrach. Mar as it feroarjen fan in gemeentenamme werklik omtrint in heal miljoen kostje soe, dan moatte we dat dochs nea en te ninter mear dwaan?

It binne benammen ûndernimmers dy’t harren hearre litte om’t se ‘De Friese Meren’ sa’n sterk merk fine. My tinkt dat mei it misbrûken fan in gemeentenamme as reklamegjalp it ferkommersjalisearjen fan de maatskippij in stap te fier giet. Dan kinne we der better ‘Die friesischen Seen’ fan meitsje, mei it each op de grutste groeimerk. Mar fansels sil it net ferbean wurde om neist de offisjele Fryske namme de Nederlânske oantsjutting te brûken. Ûnderwilens kin it Frysk just o sa goed ynset wurde om toeristen in foech bûtenlângefoel te jaan; út soarte in pree ferlike mei oare geaen. As der Alvestêdewaar op kommendewei is, begjint it heale lân al sabeare Frysk te praten; tûke ûndernimmers meitsje ek by it simmer gebrûk fan dat positive sentimint. Fierders is Fryslân, om utens better bekend as Friesland, allyksa in sterk merk. In merk dat wol ris ferdwine kin as mei de trochgeande bestjoerlike skaalfergrutting de provinsjes weiwurde. De Friezen ha as autochtoane minderheid mei in eigen taal in grutte troef yn hannen om harren heitelân yn it oanboazjende bestjoerlike fúzjegeweld oerein te hâlden, mar dy moatte se dan wol algeduerigen spylje!

Lju dy’t ornaris polityk korrekt úthâlde dat se neat op it Frysk tsjin ha, falle op it heden dus mei harren ûnfundearre gerop en geraas troch de koer: hja binne antyfrysk. Tagelyk kinne we konkludearje dat oare Friezen te ynskiklik binne. Want de ôfrûne wiken is hierskerp oan it ljocht kaam dat wat we ek mar yn en mei it Frysk dwaan wolle, it foar guon altyd te folle wêze sil. Dat, mei dyen kinne we en moatte we gjin rekken mear hâlde! Dy konstatearring hat konsekwinsjes foar it taalhâlden en -dragen fan minsken dy’t wiis binne mei ús taalferskaat en fine dat dy kulturele rykdom net ferlern gean mei. Op alle nivo’s yn it maatskiplik ferkear moatte wy ús tenei dêrom minder ferbrekke, benammen ek yn de deistige omgong. Ik rekommandearje dizze byhearrende gedrachsregels oan:

  1. Brûk it Frysk safolle mooglik; betink dat minsken dy’t gjin Frysk prate it fakentiden wol ferstean.
  2. Ferfal net alhiel ta Nederlânsk as minsken jo net goed neikomme kinne mar ‘ûndertitelje’ josels om harren te helpen it Frysk (minimaal passyf) machtich te wurden.
  3. Lês mear Frysk – in boek of bygelyks ItNijs.nl – om foar te kommen dat jo taal ûngemurken fernederlânsket; noch better: lear jo eigen taal te skriuwen.
  4. Jou it Frysk troch oan de folgjende generaasje.

Nanne Hoekstra is hikke en tein yn Haskerland = no Skarsterlân en skielk De Fryske Marren

desimber 21, 2013 13:54
Skriuw in reaksje

26 opmerkingen

  1. E-F desimber 21, 14:25

    Fryslân Boppe en dy ”Anty-Friezen” meist wol … skoppe.

  2. Binne desimber 21, 15:29

    Soene de dwerslizzers noris tajaan wolle dat hja dy drege kwestje fan ‘e hege kosten wollens en wittens oer harsels útroppen hawwe?
    Moai sein Nanne!

  3. Njirre desimber 21, 16:05

    Dy ientalige Antyfriezen ha faaks wat minder harsensellen, om’t se mar ientalich binne. Dêrom moatte jo harren útspraken net sa serieus nimme.

  4. JGA desimber 23, 08:52

    Zo verging het ook de ommelanden in Groningen met de stad Groningen als Drents bolwerk met als resultaat “ontfriezing” en afkeer van alles wat Fries is. Niet alleen van buitenaf maar ook van binnenuit heeft dit proces plaatsgevonden. Groeiend zelfbewustzijn van het Friese volk, ook met betrekking tot de keuze van de regenten, die veelal van Hollandse komaf zijn, is van belang wil niet één van de oudste volken van Europa ditzelfde lot ten deel vallen..

  5. Aage M desimber 23, 12:54

    Goed ferhaal!!! It is wat wy dogge.. Leze fryske boeken. It Nijs en as it kin
    In bytsje lawaai.

  6. wirbel desimber 23, 19:50

    Wy litte ús net lyts meitsje; kom op foar ús taal en heitelân; fuort mei de anty-Fryzen!

  7. JoJan Keuning desimber 24, 17:03

    Watersport is een belangrijke pijler onder de Friese economie. Een naam als ” De Friese Meren ” zal buiten Friesland een grotere aantrekkingskracht sorteren dan ” De Fryske Marren “. Hoe denken belanghebbenden van watersport-gerelateerde bedrijven daar eigenlijk zelf over? Of vinden we zaken als werkloosheid en ontvolking niet zo belangrijk?

  8. Jaap desimber 24, 17:14

    Hoe wit Keuning dit of tinkt hy it allinne mar? Miskien is wol krekt oars om en wurdt in Fryske namme dy t maklik ut te sprekken krekt wol wurdearre. Soene minsken wol op meren en net op marren farre wolle?

  9. E-F desimber 24, 18:00

    Moai standpunt eltse kear wer opnij ”De Fryske Marren heeft geen aantrekkingskracht”. Quatsch…
    @JoJan Keuning

  10. Marten P desimber 24, 18:13

    Ik weet zeker dat het Frysk een heel goede promotor is voor Fryslan en dat moeten we omhelzen.
    Net knibbelje foar de Antifriezen bliksiekater.

  11. Bertus Jans Postma desimber 24, 21:41

    As Hoornstra dat ‘Friesche Meeren’ betocht hat, en as ûnder ferantwurdlikens fan frou Looman dêr al €50.000 foar útjûn is en as frou Looman boppedat noch it bedrach fan €800.000 neamd hat om dy namme te ûnthollânskjen, freget men jin ôf, oft it mooglik is, om dy beide kontra’s foar de kosten opdraaie te litten. Wy krije troch harren moai wis inselde soarte taalstriid yn de noardwesthoeke, en dy om mar ien ‘a’ -fan ‘Westergo’ nei ‘Westergoa’. Boargemasters hawwe gâns op har gewisse.

  12. Johannes H desimber 25, 00:01

    De meeste argewaasje ontstaat toch echt door de discussie over de kosten, daar zitten ook gewoon Friezen bij. Om die nou direct in een hokje anti fries t drukken is overdreven. Zoals je dat vaker ziet bij meningsverschillen: beschadigen.

    Dat de Friese meren al een merk is en dus herkenning sorteert is iets waarover geen discussie mogelijk is, de Fryske marren zou dat kunnen krijgen maar heeft dat “gewoon” nog niet.

    Burgemeesters die moeten betalen voor kosten? Realiteit, is dat ook iets om rekening mee te houden?

  13. Jaap desimber 25, 14:23

    Oh, ja? Hoe witte jo dat soks in merknamme is? Ha jo dat undersocht of is it mar in slach yn ‘ e loft?

  14. Bertus Jans Postma desimber 25, 18:22

    Foar Jehannes H.: Neffens frou Looman hawwe amtners de omneamingskosten hollânsk-Frysk rûsd op in bedrach fan faaks wol €800.000. Dat is in foarbyld fan bestjoerlike demagogy, fan folksferlakkerij. As hja wat in wurd fan werheid sizze wollen hie, dan hie se wol yn Menaam nei de nammekosten fernimme mocht. Ten Hoeve híé dat dien en hy kaam mei in bedrach fan in €50.000. Nei dat berjocht waard it stil, deastil oan it front fan de kontra’s. Dy wisten, dat se ferkeard foarljochte wiene en se hawwe doe belies jûn. Jehannes H. moat no net fannijs begjinne te seuren en te krimmenearjen.En de beide boargemasters? Meie dy frijút gean? En ien fan dy-en dan ek noch fan Oranje Nassau wurde en by Willem en Máxima op é kofje noege wurde? Jehannes, Jehannes!

  15. Johannes desimber 26, 10:23

    Wat lizze wy hjir noflik, no!
    It blykt altiten wer dat Fryske analfabeten raze en roppe oer it Frysk. Wol in miening hawwe it Frysk en Fryslân, mar nea de taal leare wolle. Se kinne ek net rekkenje, altiten mei ferkearde sifers op it aljemint komme. De nammen sille en moatte Frysk wêze en namme “De Fryske Marren” is in bjusterbaarlik foar sa’n machtich moaie omkrite. It is no al in tige grutske namme troch dizze petearen hjir by It Nijs. Wy Friezen binne sa ryk, dat wy elk bedrach betelje kinne.

  16. Mark desimber 26, 10:38

    Yn elts gefal in FRYSKE namme! We moatte folle grutsker wêze op Fryslân en de taal.

  17. Cor Jousma desimber 27, 12:18

    Hoe anty moat in Fries wêze, ear’t jo him ta de antyfriezen rekkenje kinne?

    As jo jo Nederlanner fiele, dan betelje jo – ek foar it ynstân hâlden fan it Nederlânsk – belêsting. Oars bliuwt jo neat oars oer as nei Flaanderen/Belgje te ferhúzjen. Dêr hawwe jo noch wol de taal, mar net mear de belêsting. As jo jo Fries fiele dan sille jo – krekt allyk as yn it Nederlânsk – saken as toponimen yn de Fryske taal derop ta nimme moatte.

    Yn de earste sitewaasje wurdt jo allinne mar frege om belêsting te beteljen en yn de oare sitewaasje dêr njonken de taal in bytsje romte te jaan om sa de mienskip draaiende te hâlden!

    Miskien is de antyfries wol dyjinge dy’t wol de wille mar net de lêsten fan it Frysk hawwe wol.

  18. Geart desimber 29, 16:40

    Lit ik yn’t foar skriuwe dat ik foar it brûken en fêststellen fan ientalige Fryske plak en gemeentenammen bin. Ast it oars dochst is en wurdt it in soadsje. Konsekwint fêsthâlde sil der op den doer foar soargje dat Hollânskralige nammen fansels ferdwine. Lykwols mei de slappe hâlding fan allerhande oerheden sil myn langstme hjirnei in utopy bliuwe.
    Wat ik oant no ta noch net lêzen ha yn de kreauwerij om de gemeentenamme Fryske marren hinne is hoe oft de namme yn de korrespondinsje fan bedriuwen en partikulieren brûkt wurde sil. Wy allegearre krije wolris post, mar útsein de post fan de gemeente, yn ús gefal Súdwest fryslân, bin ik de gemeentenamme noch nea tsjinkaam yn it adres fan de ôfstjoerder. Ik begryp dan ek neat fan al dat geraas fan de, meastentiids Fryske, sakelju dy’t moard en brân raze oer de ekonomyske skea dy’t dit foar harren meibringt. In âld doarpsgenoat en winkelman út ús doarp mei in goed geef Frysk hert gie op in doarpsbelanggearkomste begjin 80 er jierren ris stean doe’t immen (dy’t hjir al jierren wenne mar fan Snits kaam) frege oft it ek yn it Holansk koe. De winkelman spruts de histoaryske wurden “It is in minne hûn dy’t syn eigen nêst beskyt!” Ik drink kofje fan DE fan de Jouwer, Fryske Marren! Ja, it hat wol wat!

  19. Johannes desimber 29, 17:41

    @Geart. Hielendal mei dy iens en it is yndie: “It is in minne hûn dy’t op syn eigen nêst skyt!”

  20. Johannes H desimber 31, 13:40

    Het is op elk front stil Postma, maar goed ook laat men het eerst maar uitzoeken. Ten hoeve zei 50000, Durksz 400.000, zelfde partij en belang. Dus wat is de waarheid…

    Ik seur en kremmenear nergens, dat jij dat stelt zegt iets over jouw lezen en interpreteren. Zoals ik al zei, men gaat bij meningsverschillen snel over tot beschadigen, jij bent daar een prima voorbeeld van. Ik geef enkel weer dat het bij velen niets met anti fries te maken heeft, dat is kolder.

    Wil Jaap gaan discussiëren over de vraag of De Friese Meren een merknaam is? Je mag dat ontkennen of ter discussie stellen, wel “gevaarlijk” op deze site.

  21. Bertus Jans POstma desimber 31, 22:56

    Foar Jehannes: Ik bin ‘jo’ en gjin ‘jij’. It Menamer VVD-rieslid Terpstra neamde my in bedrach fan €35.000 foar de nammeferbettering hollânsk-Frysk fan acht fan ús doarpen. Hoe stompsinnich binne dan bedraggen fan €400.000, €450.000 en €800.000 foar ien gemeente-nammeferoaring. Ik bin ek fan de Durksz-ten Hoeve-partij, fansels. De kâns dat Jehannes de wierheid treft by Frysk-Nasjonaal is helte grutter as by mannich oare partij.Jehannes syn ûnderskiedingsfermogen falt my net ta. Oars, lok en seine, frede en twataligens tawinske yn ‘t nijjier, Jehannes!

  22. Nanne Hoekstra jannewaris 5, 16:38

    De konklúzje dat hjir antyfryske sentiminten spylje, lûk ik net samar, mar dy is basearre op it ûnlogyske ferhaal fan de minsken efter de protestside op facebook. It absurd hege bedrach dat rûnsjongt wurdt troch dyen kritykleas omearme, mar lykas hjirboppe ek al ferdútst is, binne de echte kosten folle leger. Ynformateur Hendrik ten Hoeve rûst de kosten fan de nammeferoaring in faktor tsien kear sa leech. It soe my net fernuverje as ien him in kear fersind hat mei in 0.

    Mar men moat net allinnich sjen nei it absolute bedrach. It komt der op del dat it net mear as likernôch in heal prosint útmakket fan de totale kosten fan de fúzje dy’t Ten Hoeve op omtrint tolve miljoen euro rûst. As Frits Wind en dyen harren wier sa drok meitsje oer it jild, dan soenen se it hawwe moatte oer dy oare mear as 99 % fan de kosten! Ut dit artikel fan in pear jier lyn docht bliken dat dy útjeften nea werom fertsjinne wurde sille:https://www.itnijs.frl/2010/06/gearfoeging-gemeenten-begrutlik/?mc.

    As dat noch net genôch relativearret, binne der, as it wier om de sinten te rêden wêze soe, wol wichtiger maatskiplike saken om jin drok oer te meitsjen. Sa melde de Ljouwerter Krante ôfrûne wike dat soarchfersekerders in heal miljard euro útjouwe oan reklame. Dy slompe jild wurdt fergriemd oan it ûnderling útwikseljen – want mear is it fansels net – fan, sa wurdt rûsd, net mear as ien miljoen kliïnten; dat komt dêrmei del op 500 euro de man / frou. Weiskiten jild dat net mear útjûn wurde kin oan de soarch sels. Heech tiid foar in nije facebook-side (as dy der noch net is). Fansels wol earst efkes de getallen kontrolearje.

    Dat, ik woe mar sizze, de aksje tsjin de ferfrysking fan de gemeentenamme is logyskerwize net te ferklearjen út ûnfrede mei útjeften. It giet fansels om it doel fan dat jild en dizze minsken fine eltse euro dy’t oan it Frysk útjûn wurdt al te folle. Want neffens Ten Hoeve binne dat krekt de kosten dêr’t it hjir op del komt: ien euro de ynwenner fan de nije gemeente. Mar it is net iens terjochte dat dy iene euro oan de ferfrysking taskreaun wurdt: de wurklike oarsaak fan de kosten moat men yn it bestjoerlike proses sykje. It nammejouwingstrajekt hie foar de gemeentlike fúzje foltôge wurde moatten, dan hienen dûbele útjeften foarkommen wurde kind.

  23. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân jannewaris 6, 12:26

    Achte Hoekstra,

    Foar it grutste part binne wy it iens. Allinne it nammejouwingstrajekt kin by in weryndieling nea yn ‘t foar foltôge wurde. Dy glûperts hiene op 2014 wachtsje moatten mei it útjaan fan it jild dat foar dat trajekt bedoeld is, mar se hiene fansels in oare wurklist.

  24. Nanne Hoekstra jannewaris 7, 23:10

    Dat is om’t de nije gemeenteried de namme fêststelle moat, Jousma? Yn dat gefal sit in ekstra nammeferoaring al yn it proses ynboud, likefolle yn hokfoar taal. Mar mei in fatsoenlik foartrajekt soe de nije ried by hammerslach de foarriedige – troch de eardere rieden keazen – namme befêstigje kinne en hoecht dy dus yn prinsipe net noch in kear wer feroare te wurden.

  25. Knillus jannewaris 9, 17:33

    Dit fergeese digitale twatalige wurdboek hat 4300 a-fjouwerkes, in Fryske spraakkeunst, is foarsjoen fan alle ûnregelmjittige tiidwurden yn rychjes neistinoar en hat efter alle wurden tusken heakjes de fonetyske útspraak. Koartsein in stik bûter yn e brij! It fergruttet op in tige by tige wize de twatalige wurdskat fan eltse brûker. Boppedat is it wurdboek foarsjoen fan in soad synonimen, siswizen en net te ferjitten in soad idioom. Bytiden is it tige noflik as it wurdboek-ikoan op ’e taakbalk stiet! It soe moai wêze as eltsenien it bestean fan dit wurdboek trochjout oan famylje, freonen en kunden om’t it Frysk der sa faai foar stiet!

    Mei it dan ek fleane as diggelfjoer!

    http://www.frysk-wurdboek.nl

  26. pyt jannewaris 10, 09:38

    Anti-Friezen binne minsken, dy’t it der meastentiids allinne mar om giet, oaren yn’e grûn te triuwen en sa sels lekker oan prestiizje te winnen. Dat is in heel minsklike eigenskip. En as Fryslân aanst frij wurdt, dan diskriminearje wy like hurd oarsom.
    Dat is de reden wêrom’t Fryslân daliks mar net helendal ‘frij’ wurde moat. Wy kinne better earst leare om goed mei inoar om te gean. En myn ûnderfining is, dat de grutte mearderheid fan de Hollânsktaligen dat lêste ek fynt. It binne tink fral in stikmannich âlde Hollânsktalige Fryske famyljes – in soarte fan ‘adel’ – dy’t de âlde sitewaasje noch yn stân hâlde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.