‘Ha goeie!? Praat ik mei God?’

novimber 22, 2013 00:18

In berop dwaan op de Hear, dêr hawwe hja yn it Amerikaanske Kansas City in orizjinele manier foar betocht. Troch de wei fan spesjale ‘telefoansellen’ kin in petear mei God oangien wurde.

De kabines steane der no in pear moanne. Alle wiken meitsje der goed hûnderttûzen minsken gebrûk fan. Sterker noch: yn de buerten dêr’t de ‘hillige hokjes’ ynstallearre waarden, soe de misdied omraak ôfnaam wêze, sa wurdt grute.

 

Tichtklappe

De sellen binne útrist mei in út te klappen tsjerkestoel dêr’t noflik knibbele wurde kin. De ynstruksjes steane derop oan dat de brûkers de stoel nei gebrûk tichtklappe om de foarbygongers net te hinderjen. Der wurdt op wiisd dat de sel inkeld tsjinnet foar religieuze doeleinen. Elts oar gebrûk sil beboete wurde.

Terapeutysk effekt

‘De gebedssellen hawwe ûnmiskenber in terapeutysk effekt’, seit pleatslik dûmny Miles Collier. ‘Se binne net inkeld foar leauwigen bedoeld. Eltsenien dy’t ferlet hat om efkes syn eagen te sluten en him te besinnen oer de sin fan it libben, kin der terjochte’.

novimber 22, 2013 00:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.