Stoarm oer Fryslân

oktober 28, 2013 17:40

In gearfetting fan berjochten, sa’t dy moandei troch Omrop Fryslân brocht is.

De brânwacht yn Fryslân hat tusken tsien oere moandeitemoarn oant trije oere moandeitemiddei 590 meldings krigen fan stoarmskea yn de provinsje. Ferskate korpsen wienen al de hiele dei drok dwaande om de gefolgen fan de stoarm, lykas omwaaide beammen, op te romjen. Der binne gjin minsken slim ferwûne rekke troch de stoarm. De stoarm late op ferskate diken yn Fryslân ta gefaarlike sitewaasjes. De A6, A7, de Wâldwei en de dyk tusken Ljouwert en It Hearrenfean waarden koarte tiid ôfsletten.

De brânwacht moast ek optrede op it wetter. By Makkum gie it om surfers dy’t op de Iselmar aktyf wiene en by Offenwier moast de brânwacht fanwegenkomme omdat in speedboat motorproblemen hie. De trije persoanen oan board wiene net taret op de stoarm en waarden mei ûnderkuollingsferskynsels fan board helle. De brânwacht sette by de rêdingsaksje twa dûktiims, in oerflak-rêdingstiim en twa boaten yn.

Op Flylân hat de stoarm ek foar skea soarge. Tusken 12 en healwei ienen stie dêr wynkrêft 12 op it eilân. Der binne beammen omwaaid en dakpannen waaiden troch it doarp. De âlde yp dy’t foar de tsjerke út 1640 stie, is omwaaid en tsjin de tsjerke oan fallen. De tsjerke hat der skea troch oprûn.

In húske út 1625 op It Amelân is as troch in wûnder behâlden bleaun by de swiere stoarm fan moandei. Twa beammen foelen oan wjerskanten by it dak fan it húske del. It húske waard krekt net rekke.

Op Skylge is de skea troch de stoarm ek grut. Omfallende beammen, dakpannen dy’t fan ‘e huzen waaie en sprongen wetterliedings, dit Waadeilân hat dêr ek mei te meitsjen krige.

De brânwacht hat it drok mei it opromjen fan skea troch de stoarm. It giet dan benammen om omwaaide beammen. Dy lizze rûnom yn de provinsje, somtiden blokkearje se ek diken, fytspaden en stoepen. Dêrtroch binne op in oantal plakken ek trochgeande diken ôfsletten, it giet dan ûnder oaren om de Hindrik Algrawei tusken Boksum en Goutum. Earder wiene ek de Wâldwei en de A6 ôfsletten, mar dy binne yntusken wer iepen.

Troch it omwaaien fan beammen binne op ferskate plakken ek wetterliedings rekke. Wetterbedriuw Vitens set personiel út oare provinsjes yn om de stikkene liedingen te meitsjen.

Yn it middeisskoft liet de polysje in NL-alert útgean om minsken op te roppen en gean de doar net út. Boargemaster Ravestein fan Opsterlân kaam ek mei dy oprop. Yn har gemeente binne op ‘e nij in soad beammen omwaaid. Fan ‘t simmer wie dat ek al it gefal troch in saneamde ‘falwyn’.

Guon bedriuwen en skoallen hawwe yn it middeisskoft de doarren tichtdien, omdat der skea ûntstie. Under oaren de learlingen fan Piter Jelles Ynsicht en it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost binne nei hûs ta stjoerd.

Ynwenners fan Garyp rêden sels de omwaaide beammen yn it doarp op. Op twa plakken wie de wetterlieding stikken rekke troch woartels fan omwaaide beammen. It doarp siet sûnder wetter.

Troch de stoarm hie de postbesoarging ek belet. De post waard moandei letter of oars tiisdei pas bylâns brocht. De besoarging yn Ljouwert en Hearrenfean en omkriten ferrûn dreech. Der leinen dêr safolle beammen op de dyk dat de postauto’s der net by del koenen.

Om’t der gjin boaten farre, fertrage de besoarging op de Waadeilannen ek. Post NL sil syn bêst dwaan om roukaarten en medyske post al op ‘e tiid teplak te bringen.

Wetterliedingbedriuw Vitens hat sûnt it útbrekken fan de stoarm sawat sechstich meldings krigen oer wetterskea. Yn mear as de helte fan de gefallen is dat feroarsake troch ûntwoartele beammen dy’t de wetterlieding stikken lutsen. Fryslân is dêrmei de provinsje dy’t it slimst troffen is troch de stoarm, seit wurdfierster Judith Zuijderhoudt fan Vitens.

De stoarm dy’t moandei oer Fryslân teach, hat op guon plakken orkaankrêft oannaam. Benammen op de eilannen en yn de kustplakken waaide it dat it rikke. Der kamen meldings fan wynkrêft 12 – dat is orkaankrêft – fan Skylge en Flylân, mar ek út Harns, Seisbierrum, Doanjum en sels út Ljouwert wei. By útsjitters koe de wyn noch wol sterker wêze as krêft 12.

De stoarm is nei healwei twaen stadichoan belune. Dat begûn yn it súdwesten fan de provinsje.

oktober 28, 2013 17:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.