Dichter Smink lofpriizge

oktober 13, 2013 11:51

Jacobus Q. Smink hat sneontemiddei yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis krigen. Yn de Martinitsjerke rikte deputearre Jannewietske de Vries de priis út oan de dichter. Hy kriget de belangrykste provinsjale literêre priis foar syn bondel Sondelfal. Om it belang fan dizze twajierlikse priis fan Fryslân te ûnderstreekjen is it prizejild ferdûbele nei tsientûzen euro. Dit jier hie de sjuery foar it earst in tal bondels nominearre foar de priis.

smink krijt gjpriis_dirk baronBoarne tekst en  © foto: Omrop Fryslân (sjoch hjir foar in fraachpetear mei de priiswinner).

 

Advyskommisje

Earder skreau de advyskommisje oer Sondelfal:
“It is in wûnder hoe’t Jacobus Q. Smink dat hat. Yn Sondelfal slagget er deryn om de lêzer hielendal op de doele te bringen mei nijfoarmingen, ellipsen, wylde assosjaasjes, tsjustere metafoaren en tagelyk liedt er de lêzer streekrjocht nei Sondel, it plak dêr’t er sels yn 1954 op ’e wrâld kaam. Tagelyk ek tsjoent er dat Sondel sa helder foar eagen dat men der hielendal nostalgysk wee fan wurde kin. Om yn deselde tel dy oantinkens yn in wiere Sondelfal as fjoerwurk útinoar spatte te litten. In prachtige bondel fan in dichter dy’t der al lang is, mar himsels hjir op ’e nij útfynt.

Boarne:  Fryske literatuerside Sirkwy

 

Lofrede

Dizze lofrede waard juster by de priisútrikking útsprutsen troch Geart Benedictus, foarsitter Ried fan de Fryske Beweging:

“It is my in foarrjocht om de laudatio foar de GJ priis útsprekke te meien. Gelokkich is de laureaat wol opsetten kaam. Dat hat wolris oars west. In bytsje argewaasje hinget der wol gauris om in literêre priis hinne, mar dizze kear net. Eltsenien fynt dat de priis by de goeie persoan telâne kaam is. Dêrom sil ik der mar net oer begjinne dat de GJP útrikt wurdt yn in gemeente dy’t min, nee striemin mei it Frysk omgiet.

De GJP stiet yn heech oansjen. Winners binne dernei publyk besit; sjoch de Ljouwerter fan juster en it FD fan hjoed der mar op nei. Doe’t ik it fertelde oan myn – Hollânske – skoanfamylje snapten hja it pas doe’t ik sei dat de GJP te ferlykjen is mei de PC-Hooftpriis foar de oare rykstaal of de Büchnerpriis yn Dútslân. Jou efkes omtinken oan it lytse ferskil: PC yn it Hollânsk; wy sizze Gysbert. Eat wat ús nei oan it hert leit neame wy by de foarnamme.

Yn in ynterview hat Jacobus Smink sein dat neffens him fan syn dichtbondel mar ien yn it jier ferkocht wurdt. No, dat moat dan dit jier op syn minst ferdûbele wêze: ik haw twa kocht. Doe’t ik by de AFÛk besocht om alle dichtbondels fan Smink te keapjen, kamen hja allinnich mei Sondefal oansetten, de oaren wienen der net, it lot fan alle dichtbondels.

By it hearren fan de titels fan de seis nominearre boeken wurken myn kalvinistyske blynkapen: ik hie sondefal opslein yn it ûnthâld. Mar dêr giet it perfoarst net oer. Yn dizze dichtbondel is de rikens fan ús taal te sjen en it sterk bewoartele wêzen yn it boerelibben. Dat sil skielk feroarje om’t der noch mar in pear boeren oer binne (yn de jongesjierren fan Jacobus wienen der tsien kear safolle) en om’t it boerelibben sels ek feroaret. De âlde boarnen  fan ynspiraasje sa as it boerelibben en de see sille stadichoan opdroegje. It deistich Frysk kin faak gjin sprekken lije, tink mar oan de sosjale media. Mar it wurdt alteast brûkt, ek al is it minder geef. Ik bin bliid dat ús skriuwers en musisy en dichters, jo dus, it geve en de rikens fan de Fryske taal oerein hâlde.

Dat wy hjir mei in boeresoan te krijen hawwe is sa klear as de dei. En dan net mei ien dy’t it fan hearren en sizzen hat, nee, men sjocht it boerebedriuw fan goed fyftich jier tebek foar jin. Sûnder mankelikens. It is te sjen yn “de melkerij wie goed foar it fet en sêfte hannen, mar it spantou mei de sturt efter de hokseklem fan izer, bringt my foarby de tiid”. Ik wit net oft jo hânmelken leard hawwe. Dan is men in kenner fansels. Oars is it obstrewearjen tige goed. Kij kinne nochal mei harren sturt giselje en jin sa no en dan in tikje jaan. Fral as hja in min sin hawwe. Mei de sturt efter de klem is dat dien. Sa`t it fûleindich reinen beskreaun is en hoe’t in ko dêr mei omgiet, ik sjoch it sa foar my. Bisten komme geregeldwei foar yn de 52 gedichten fan dizze bondel: yn 9 kij, yn 7 gedichten komt in hynder foar en yn 8 komme oare bisten op it aljemint. Yn ‘e bondel dûkt in pear kear de blauwe op. De blauwe is ek de kleur fan in hynder, tusken swart en blau yn, mei skimmelbloed. Blau liket de favorite kleur fan Jacobus Smink te wêzen: de âld blauwe komt gauris om ‘e hoeke te sjen, it gers is blau fan geilens, blau as hekkelsleat, sakje yn dyn blauwe eagen.

It wie dreech om in moai wurd as ‘skambûtse’ te finen. Ik haw my blau socht yn it wurdboek. In oar moai wurd is: ‘bekkich petear’ (fan de roekige rasp en spjochte hammer). Dat sil allicht faker brûkt wurde.

Jo ha it ien en oar meimakke. Dizze bondel hat dan ek efkes op him wachtsje litten. De Q yn jo namme is in fynst; en dat al fier foardat der sprake wie fan Q-koarts en sokssawat. Q fan query, mar ek bewoartele yn de famylje fan jo mem. It ropt in sfear op dy’t by jo past. It wenjen yn Eindhoven hat faaks ek syn foar: men kin Fryslân fan in ôfstân bytiden better besjen. Krekt as in kliber folk: ast deryn meirinst, sjocht men wol de buorman mar net de groep. By it lêzen fan dizze dichtbondel wie sa klear as in klûntsje dat de skriuwer pake wie. Hoe koe er oars komme mei in gedicht as ‘Sokkebiter’? It boartlike fan de dichter komt dêr dúdlik ta utering. Mar der is ek in oare kant mei yn wizens bedobbe sinnen as: “Ast der allinne bist omdatst der wiest”.

Jacobus Smink, jo ha my mei dizze dichtbondel de eagen wer iepene: it set oan ta tinken. Ik haw opnij de poëzij ûntdutsen. Dit is jo achtste dichtbondel, it ûnthjit foar de nije bondel, de njoggende, is grut. Dêrnjonken binne jo al sûnt de jierren santich oant hjoed-de-dei tige warber as redakteur fan ferskate Fryske literêre tydskriften. As oersetter út ferskate talen sa as út it Dútsk, it Nederlânsk, it Frânsk en it Sweedsk spylje jo net swak by. Ien fan dy oersettingen is bewurke ta it toanielstik ‘Ronja de Rôversdochter’, dat yndertiid troch Tryater spile is. Al mei al kinne wy mei rjocht en reden sizze dat jo in pylder ûnder de Fryske literatuer binne. Jacobus Smink, jo wienen ‘de broer fan’. Mar sûnt hjoed is dat oarsom: Freark is tenei ‘de broer fan’. Man, wat kinne jo skriuwe. In echte betûfte ambachtsman, dy’t mei de taal omnifelet en machtige dingen makket. Kobus fan Siemen en Romkje, dizze priis komt jo ta. Nochris, tige lokwinske mei dizze mânske priis.”

oktober 13, 2013 11:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.