Brân yn sintrum Ljouwert

oktober 19, 2013 20:19

Oan de Kelders yn it sintrum fan Ljouwert woedet in slimme brân. It fjoer is ûntstean yn kleanwinkel Freestyle en is ûnderwilens oerslein nei fiif oar pannen. Der is gefaar foar ynstoarting. It hiele gebiet rûnom, ek de oare kant fan de grêft, is ûntromme troch de polysje.

De bewenners fan op syn minst fiif apparteminten boppe de winkelpannen binne evakuearre en wurde opheind yn Post Plaza. De brân giet mank mei in fûle reekûntwikkeling. De polysje kin net sizze oft der noch minsken yn de baarnende persielen binne. Update: ien slachtoffer is te betreurjen.

Yn de wide omkrite fan de kearn fan de brân is in djip oranje fjoergloede te sjen, tsjin de hieltyd tsjusterder wurdende loft. De reekûntwikkeling is noch altyd tige. Brânende roetdielen sweve boppe it stedssintrum.

De brân lûkt hûnderten nijsgjirrigen oan. De polysje ropt fia Twitter omstanners op om de helptsjinsten as it heal kin alle romte te jaan om har wurk te dwaan. De helpferliening is om healwei sânen hinne ‘opskale” nei triem 2. De koördinaasje fan de helpferliening op it plak sels kriget assistinsje fan in regionaal operasjoneel tiim, omdat der ek effekten binne bûten de direkte omkrite fan de brân.

De brânwachtkorpsen fan Ljouwert, Boarnsterhim, Menameradiel, Stiens en Smellingerlân binne behelle by it dwêsten.

De brân is wierskynlik asbest by frijkaam. Omstanners wurde warskôge om út de reek te bliuwen. De gemeente jout buertbewenners de rie om ruten en doarren ticht te hâlden.

Brânwachtlju steane op grutte heechwurkers te dwêsten.

oktober 19, 2013 20:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.