Sjitynsidint marinebasis: trettjin deaden

septimber 17, 2013 00:47

By sjitterij op in marinebasis yn Washington DC binne moandei sa’n trettjin deaden fallen. Dat berjochtet boargemaster Vincent Gray yn in parsekonferinsje. Ién fertochte is deade. It giet om Aaron Alexis, in 34-jierrige militêr út Texas. Dat berjochte CNN op gesach fan de FBI. Syn foto gie al gau om op Twitter.

Neffens parseburo AP hie de dieder nei alle gedachten in strafblêd. Autoriteiten soenen neffens it parseburo meld hawwe dat de man mei in identiteitsbewiis fan in oar tagong krigen hat ta it strang bewekke marinekompleks.

Dêr binne ek guon by ferwûne rekke; ûnder harren wie in plysje-aginte. Cathy Lanier, haad fan de plysje fan Washington DC koe lykwols net sizze hoefolle minsken oft der krekt ferwûne rekke binne. Oer de motivaasje fan de skuttter(s) koe hja likemin wat kwyt. Earder sei Lanier al dat twa skutters mooglik noch frij binne, mar dat harren belutsenheid net befêstige is. Beide hienen neffens sizzen legerunifoarmen oan. In tredde skutter is neffens de plysje deade.

Marinebasis

De sjitterij begûn moandei om 8.20 oere pleatslike tiid yn in gebou op de grutte marinebasis op twa kilometer súd fan it Capitool. It giet om it haadkertier fan de Naval Sea Systems Command, dêr’t trijetûzen minsken arbeidzje. Dy ôfdieling fan de marine is ferantwurdlik foar de technyk, bou, oankeap en it ûnderhâld fan skippen.

Ûntromme

De strjitten om it gebou hinne binne ôfsluten en in basisskoalle yn ‘e omkrite waard om reden fan feiligens ûntromme. Op de Ronald Reagan-lofthaven yn Washington D.C. binne alle útgeande flechten annulearre. Der koene noch wol fleantugen lanje.

Op ‘e kant fan de Navy Yard yn Washington leit it haadkertier fan it Naval Sea System Command (NAVSEA), befoege ta it ûntwikkeljen fan de Amerikaanske skippen en ûnderseeërs.

Gjin fertochte

In blanke man dy’t derfan fertocht waard ien fan de twa mooglike skutters fan Washington DC te wêzen, hat neat mei de sjitterij op de marinebasis út te stean. “De man is identifisearre en is gjin fertochte mear”, neffens de plysje.

Cathy Lanier, haad fan de plysje fan Washington DC, hie earder sein dat twa skutters, in blanke man en in donkere man, noch op frije fuotten binne. Earder makke de plysje al bekend dat in oare skutter deade waard. Op Twitter hat de polysje no dúdlik makke dat de blanke fertochte frijsprutsen is.

septimber 17, 2013 00:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.